Syktocht nei keepers hat resultaat: Robbin Ruiter traint mei by Cambuur

Robbin Ruiter © Dijks Media
Robbin Ruiter sil de kommende wiken meitraine by SC Cambuur. Hy is ien fan de twa keepers dy't de klup helje wol.
De 35-jierrige Ruiter sit sûnder klup nei't syn kontrakt by Willem ll opsein waard begjin dit jier. Dêr kaam hy foarich seizoen mar ien kear yn aksje. Yn de earste spylronde ferdigene Ruiter it doel tsjin Feyenoord, mar dêrnei rekke er syn basisplak kwyt.
Moandei sil Ruiter foar it earst meitraine by de Ljouwerters. As er fit is, sil hy in kontrakt tekenje kinne yn it Cambuur Stadion. Ruiter is de beëage twadde keeper.
Dat betsjut dat de kluplieding noch altyd siket nei in earste doelman. Dêrfoar soe de 22-jierrige Portugees João Virgínia yn byld wêze. Hy stiet ûnder kontrakt by it Ingelske Everton. Technysk manager Foeke Booy fan Cambuur wol net yngean op de namme fan Virgínia.

Ien ûnder kontrakt

Cambuur hat op dit stuit mar ien keeper ûnder kontrakt. Dat is Brett Minnema. De oare twa doelmannen dy't de klup foarich seizoen hie, binne fuort. Pieter Bos moast ophâlde troch hertproblemen en it kontrakt fan Sonny Stevens rûn ôf.
Trainer Henk de Jong is noch wol altyd yn petear mei Stevens, mar de ynteresse yn Virgínia jout oan dat de klup ek fierder sjocht.