Hinke Schokker wint earste edysje fan Kardingebultra; yn 24 oeren 160 km drave

Hinke Schokker (argyffoto) © De Vries Media
Hinke Schokker fan Eastermar hat sneon yn Grins de earste edysje fan de Kardingebultra wûn. De draafwedstriid oer 24 oeren mei yn totaal 160 kilometer wie yn rekreaasjegebiet Kardinge.
Schokker liet yn de slotronde Victor Bastiaansen út Eesveen en Lut van der Molen út Grins achter har. Dit trio wie ek as iennige oerbleaune dravers oan dy slotronde begûn.
It idee fan de Kardingebultra is dat dielnimmers binnen in oere in rûntsje fan 6.706 meter ôflizze moatte, ynklusyf 32 hichtemeters op de Kardingebult. As dat net slagget, falle se ôf. Eksakt in oere nei de foarige start begjint in nije ronde. Oer 24 rondes wurdt sa 160 kilometer draafd.
Fan de 50 dielnimmers kamen 45 oan de start.