Mingde reaksjes yn agraryske wrâld op it oanstellen fan Johan Remkes as bemiddeler

Johan Remkes © ANP
Bestjoerder Johan Remkes is oanwiisd as bemiddeler dy't petearen mei boeren en de polityk liede moat.
De Twadde Keamer hie om sa'n bemiddeler frege fanwegen de heftige reaksje út de agraryske sektor wei op de yngripende stikstofplannen.
Boeren blokkearren sneon op De Gordyk it iisfabryk, dêr't Twadde Keamerlid Romke de Jong eigener fan is. Ofrûne woansdei stienen boeren mei har trekkers foar it provinsjehûs yn Ljouwert en ôfrûne moandei leinen aksjefierende boeren it ferkear op de A7 in skoft stil.
VVD'er Johan Remkes (1951) wie earder û.o. waarnimmend boargemaster fan Den Haag en kommissaris fan de Kening yn Noard-Hollân. Dêrfoar wie er minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, vice-premier en steatssekretaris fan VROM.
Remkes hat in soad ûnderfining as bestjoerder en der wurdt faak in berop op him dien as krisismanager, lykas by de formaasje.

Wichtige rapporten stikstofoanpak

Yn it stikstofdossier is hy gjin ûnbekende. Hy late in kommisje dy't twa belangrike rapporten skreau oer de stikstofoanpak. Dêryn advisearre er ûnder mear om fêst te hâlden oan doelen, lykas it ûnder de krityske stikstofgrins bringen fan trije fjirde fan de beskerme natuer en de stikstofútstjit mei de helte nei ûnderen te bringen. In part fan de boeren ferset har dêr no tsjin.
Fan 13 july ôf sil Remkes oan de slach mei tariedingen. It idee is dat de petearen yn de twadde helte fan augustus begjinne, skriuwt lânbouminister Henk Staghouwer yn in brief oan de Keamer.

LTO wol it petear oangean

Yn de agraryske wrâld wurdt mingd reagearre op it nijs fan Remkes as bemiddeler. LTO Nederlân jout yn in skriftlike reaksje oan mei Remkes yn petear te wollen. Wol sizze sy net belutsen of heard te wêzen yn de kar foar Remkes.
Dochs is it fan belang om yn petear te bliuwen, stelt LTO. Der wie argewaasje oer it oanstellen fan de bemiddeler, om't it net folslein dúdlik is wat dy no krekt dwaan sil. LTO wol ek prate oer de doelen fan it kabinet. As de bemiddeler allinnich mar oanhearre wol, hat it neffens LTO gjin doel om te praten.
LTO Noord, de Fryske delegaasje fan LTO, koe snein noch net reagearje. Sy wolle earst mei de oare fraksjes yn petear.
Cees de Boer fan Farmers Defence Force © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Twa oare boere-organisaasjes, Agractie en Farmers Defence Force binne net bliid mei it oanstellen fan Remkes. Cees de Boer fan FDF seit dat Remkes net de geskikte man is. "In bysûndere kar, want de rol fan Remkes yn de oanrin nei dit kabinet (Remkes wie formateur. red.) en syn rol yn it stikstofrapport seit al dat hy partidich is."

Unpartidige bemiddeler

Remkes wie foarsitter yn it advyskolleezje Stikstofproblematiek en joech dêryn in plan fan oanpak foar de stikstofkrisis. "Dêrnjonken is Remkes in VVD-prominint en dan falt der dreech mei te praten."
FDF seit noch wol yn petear te wollen mei in bemiddeler, mar dan moat dúdlik wêze wat dy allegear docht. "Ien dy't it petear allinnich mar foarsit, ha wy neat oan," seit De Boer. "Der moat in bemiddeler komme dy't ûnpartidich is en troch likegoed de boeren as de oerheid goedkard is. Dan pas kinne je foarút."
Cees de Boer fan Farmers Defence Force oer it oanstellen fan Johan Remkes