FIDEO: Tsjerketsjinst út de Terbantstertsjerke yn Terbant wei

Omrop Fryslân stjoert alle sneinen in tsjerketsjinst mei in oekumenysk karakter út. Yn july wurde de tsjinsten op ferskillende plakken fierd. Dizze snein is dat yn de Terbantstertsjerke fan Terbant.
Foargonger fan de tsjinst is Jelle de Jong. Jurjen de Jong is de oargelist en de muzikale meiwurking komt fan leden fan de kristlike brassband Advendo fan Aldskoat ûnder lieding fan dirigint Chris te Hennepe. It tema fan de tsjinst is: "Ik zal er zijn".
De liturgy fan de tsjinst is hjir te finen.