Dosint Ellen Rombout nûget al har âld-learlingen út foar ôfskied

Ellen Rombout op har ôfskied © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Wa't RSG Simon Vestdijk Harns seit, seit skiednislearares Ellen Rombout. Nei 22 jier it gesicht fan de skoalle west te hawwen is it no tiid foar preepensjoen. Se betocht sels dat se har ôfskied net allinnich mei kollega's woe, mar ek mei âld-learlingen.
Se die fia ynternet in oprop oan al har âld-learlingen. Sa'n 100 minsken kamen der op ôf. Rombout hâlde in speech dêr't se de moaiste mominten fan de ôfrûne jierren yn neamde. Se sleat de speech ôf mei in boadskip oan alle hjoeddeiske leararen. "Bliuw de wrâld yn de gaten hâlden en fjochtsje foar dyn fak."
Fia Linkedin hâldt de dosinte in soad kontakt mei har âld-learlingen. Fandêr dat se ek dêr de oprop die foar dizze gearkomste. "Ik fyn it sa moai om te sjen hoe't learlingen útgroeie ta wa't se no binne, in soad hawwe yntusken in goeie baan en ik fyn it moai dat ik dêr in bydrage oan leverje kinnen ha", fertelt se grutsk.
Ald-learling Anna Heslinga tanket har karriêre ek echt oan Ellen. "Ik heb altijd interesse gehad in theater en mevrouw Rombout zei tijdens onze cultuurlessen dat ik daarin verder moest gaan. Ik zal nooit vergeten hoe ze mij daarin naast kennis ook veel doorzettingsvermogen heeft bijgebracht."
Ferslachjouwer Lennard Geerts by it ôfskied fan Ellen Rombout
© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Har kollega's fine it tige spitich dat Ellen fuortgiet. "Ellen was een waardevolle collega. Je kon met haar over van alles en nog wat praten en daarbij toonde ze altijd betrokkenheid", fertelt kollega Jeanette Brouwer.
Neffens kollega-dosint Marjo van Abbema is it echt in gemis. "Ze is echt het gezicht van de school. Als collega is ze altijd super enthousiast, zo regelde ze van alles voor ons, maar ook voor de leerlingen."

Takomst

De kommende perioade sil Rombout flechtlingen helpe. "Dat ha ik yn it ferline ek dien, ik fernim no dat help wer hurd nedich is."