Nij camperplak yn Wommels: "Wommels hat alles noch, dêr meie wy grutsk op wêze"

Eigener Iris de Boer iepenet De Appelhof © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Wommels is klear foar toeristen. De jachthaven is útwreide mei in rekreaasjeterrein en in camperplak. De Appelhof is sneon iepene en moat it doarp in ympuls jaan.
Undernimmer Iris de Boer hat dêrfoar yn febrewaris de jachthaven oerkocht fan de gemeente. In stik grûn fan 4.000 bunder dat al fan har famylje wie, is ynrjochte ta rekreaasjeterrein en camperplak. De Boer: "Der barde al tolve jier neat mear mei dit moaie plakje oan it wetter, dat wie gewoan skande."
Iepening camping Wommels
Yn 2019 kaam se mei it idee om it plak op 'e nij yn te rjochtsjen mei camperplakken. Se tinkt dat de camping in moaie oanwinst foar Wommels wêze kin. "Ik hie mei ús heit in camperbus makke, dêr ha we in pear kear mei op 'en paad west. Ik seach dat dat wol echt booming wie."
Atze de Boer, de heit fan Iris, wie al eigener fan it perseel dêr't de camping op stiet. Iris hiert dat no fan him. "Wommels hat alles noch, dêr meie wy grutsk op wêze", seit se. "Fan bakker oant slachter oant supermerk oant kapper."
Se sil gearwurkje mei oare ûndernimmers yn Wommels, sa't campinggasten bygelyks foardieliger nei it swimbad De Klomp, njonken de camping, kinne.

Fernielings

Noch foar't de camping iepene waard, wie der in tebeksetter. Op de camping waard foar tûzenen euro's skea oanrjochte. De slachboom, wolkomsbuorden en in part fan de stroomfoarsjenning waarden fernield.
De reparaasjes wiene rap útfierd: "Ik hie doe ek gasten, dy woenen ek stroom hawwe." Se lit har net út it fjild slaan en rekkenet op sosjale kontrôle út it doarp wei: "Fan de feestkommisje oant de doarpsbelangen, dat komt wol goed!"