Boeren heffe blokkade op by Gordykster iisfabryk fan Twadde Keamerlid

Trekkers ride fuort by it iisfabryk © CAMJO Media
De boeren dy't sûnt sneontemoarn in iisfabryk op De Gordyk blokkearren, hawwe de blokkade om ûngefear 21.45 oere opheft. De boeren woene in petear mei Twadde Keamerlid Romke Jong fan D66. It fabryk stie earder ûnder syn lieding.
D66 wol de feesteapel ferminderje om de stikstofkrisis op te lossen. De boeren nimme dat De Jong kwea ôf. Earder seinen de boeren dat se net fuortgean soene foardat se in petear hân hiene mei it Keamerlid.
Doe't de boeren de blokkade opheften, sirkele der in plysjehelikopter boppe De Gordyk en rieden plysje-auto's it yndustryerrein op. De boeren tochten dat de ME ynset wurde soe en binne dêrom fuortgien.
It iisfabryk kin no wer fierder mei de wurksumheden.