Slim ûngelok by Burdaard: motorrider (76) ferstoarn

De traumahelikopter by it plak fan it ûngelok © SRFotografie
By in slim ûngelok mei in motor en in auto op de Goslingawei yn Burdaard is de motorrider, in 76-jierrige man út de gemeente Ljouwert, ferstoarn.
Help fan de traumahelikopter kaam te let. De motorrider soe troch de ympakt fan de botsing yn it wetter bedarre wêze.
De plysje hie de dyk ôfsletten foar it ferkear en der waarden sichtskermen pleatst.