Fryslân nimt revâns en wint Twakamp by it fierljeppen

Fryske ploech bliid mei de oerwinning © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De Fryske fierljeppers hawwe de Twakamp tsjin Hollân wûn. Op It Heidenskip sprongen de Friezen 2,03 meter fierder as de Hollânske ljeppers.
In seleksje fan de 24 sterkste Friezen namen it op tsjin de 24 beste Hollânske ljeppers. De optelsom fan alle fierste sprongen (manlju, froulju, junioaren, jonges en famkes) bepaalt wa't de titel wint.
It is de iennige wedstriid yn it fierljeppen dêr't net it yndividu sintraal stiet, mar it team.

Fryske froulju dogge it goed

De Fryske famkes en froulju hienen it grutste oandiel yn de oerwinning fan Fryslân. Se sprongen respektyflik 2,24 en 2,97 meter fierder as harren tsjinstanners.
De jonges, junioaren en senioaren wiene allegearre minder as Hollân, mar se koenen de efterstân beheind hâlde. Dêrtroch gie de oerwinning nei Fryslân.
De fierste sprong fan de dei kaam op namme fan Sytse Bokma fan Warkum. Hy sprong 21,13 meter. By de froulju sprong Friezinne om utens Tessa Kramer nei 16,22 ta.
Mei de oerwinning fan Fryslân komt de stân no op 42-14 yn it foardiel fan de Friezen. Sûnt 2006 wisten de Hollanners acht fan de sechtjin konfrontaasjes te winnen, ynklusyf ferline jier yn Vlist. Doe ljepten se 11.55 meter fierder as de Friezen.