Soad animo foar Keti Koti om ôfskaffen slavernij te betinken

Sjef Reitse Spanninga makke heri heri © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Swiete ierappel, bakbanaan, cassave en bakkeljau binne wichtige yngrediïnten foar heri heri. Belangstellenden koenen freed fergees in poarsje ophelje yn Ljouwert yn it ramt fan Keti Koti.
Mei dizze feestdei fol dûns, muzyk en poëzy wurdt it ôfskaffen fan de slavernij yn Nederlân betocht, dat wie op 1 july 1863.
It feest wurdt sûnt ferline jier ek yn Fryslân fierd. Doe wienen der 500 minsken by de corona-edysje. Dit jier binne der twa kear safolle minsken. "Iedereen is enthousiast en we hebben geweldige artiesten. Het swingt de pan uit", seit de organisaasje. "Een dwarsdoorsnede van Fryslân komt hierheen."
It gerjocht heri heri is makke troch kok Reitse Spanninga. "It is in miel dat de slaven krigen op de plantaazjes, it wie in dreech miel dêr'tst goed sêd fan koest." Oan it tradisjonele resept hat er ek wat Reitse-fantasy taheakke. "Wat ynmakke komkommer en woartel en ik ha it wat pittich makke."
Ferslachjouwer Earryt Sijens wie by Keti Koti