Deadlike wynhoas op It Amelân ûntstie troch tafallige faktoaren

Nei de wynhoas fan 1972 © NOS
Op 11 augustus 1972 waard Camping Duinoord op It Amelân troffen troch in swiere wynhoas. Fjouwer minsken kamen om it libben, hûnderten rekken ferwûne. Fyftich jier letter sjocht FryslânDOK werom op dy ellindige dei.
FryslânDOK 'Deadlike wynhoas - 50 jier nei de ramp op it Amelân' op TV:
Sneon 2 july NPO2 15.29 oere (werhelling 3 july 13.47 oere)
Snein 3 july Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Sa'n swiere wynhoas komt net faak foar yn Nederlân. De waarsomstannichheden binne nijsgjirrich: hoe koe dit samar barre? En wie it tafal dat deselde camping yn 1992 nóchris te meitsjen krige mei in grutte wynhoas?
Programmamakker Timo Jepkema socht minsken op dy't derby wienen. De wynhoas fan It Amelân wie yn Nederlân ien fan in seldsum swiere kategory.
Wynhoas Amelân - 11 augustus 1972 © Jan Andries Blaak
Tinten, caravans, in toiletgebou, alles waard meinommen de loft yn. Helikopters brochten de ferwûnen nei sikehûzen op de fêstewâl. It waard ien fan de grutste rêdingsoperaasjes yn de skiednis fan de SAR.
Helikopter mei ferwûne minsken © NOS
"Het leek net alsof er geschoten was op de kantine van de camping, zoveel gaten zaten er in het gebouw", fertelt Amelanner Benno Hesselink. Hy wurket tsjintwurdich as timmerman mei in eigen klusbedriuw op Camping Duinoord.
Yn 1972 wie Hesselink in jonkje fan acht jier en wenne er njonken de camping. "Ik zag, samen met mijn broer, een soort wasmachine op zee. Iedereen begon te rennen, wij ook."
Justjes letter slacht it needlot ta. "Het was een grote chaos. Allemaal radeloze mensen liepen daar rond."
Timo Jepkema oer de dokumintêre
Wynhoas Amelân 11 augustus 1972 © NOS
Koart mar krêftich wie de wynhoas fan It Amelân. En sá lokaal, dat minsken op oare dielen fan it eilân neat yn 'e gaten hiene.
Foar de toeristen dy't it meimakken, wie it in eangstige en tige yngripende gebeurtenis. Dochs giene in protte fan harren dêrnei alle jierren wer werom nei Duinoord.
Wynhoas Amelân 11 augustus 1972 © Jan Andries Blaak