Liveblog | 2 july 2022

De sport fan 2 july: Easterein wint Jong Fammepartij | Nyck de Vries sechde

Yn dit blog bringe we de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân. Mei dizze sneon ûnder oare:

  • Mantgum: Jong Fammepartij (NK junioaren froulju)
  • Eksmoarre: Haadklasse keatsen manlju t.e.l.
  • Silverstone (Ingelân): W Series race 4 mei Beitske Visser
  • Enschede: Fuotbalfroulju: Nederlân-Finlân
  • Marrakesh (Marokko): Formule E race 10 mei Nyck de Vries
Lêst bywurke: 2 july 2022, 21:57
21:42

Wer in dûbelslach foar Dronryp

De jonge keatsters yn Dronryp hawwe de takomst. Ofrûne moanne gie it NK by de jonges en famkes al nei Dronryp. No binne de pupillen yn beide kategoriën ek de bêsten fan Nederlân.
De keatsers waarden direkt huldige © Omrop Fryslân, Aise van Beets
19:50

Nederlânsk frouljusfuotbalteam mei goed gefoel rjochting EK

It Nederlânsk alvetal hat sneon mei 2-0 wûn fan Finlân. Beide doelpunten kamen fan Vivianne Miedema. Snitser Sherida Spitse stie yn de basis by Nederlân. Sy krige in giele kaart en waard yn de 73ste minút wiksele. Kerstin Casparij fan It Hearrenfean kaam nei it skoft yn it fjild.
Takom wike begjint Nederlân as titelferdigener oan it EK yn Ingelân. Op sneon 9 july is Sweden de earste tsjinstanner.
19:39

Nyck de Vries sechde yn Marrakesh

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellegea is jûn sechde wurden yn de Formule E-race fan Marrakesh. It wie de tsiende fan yn totaal sechtjin races dit seizoen.
De regearjend kampioen stiet no mei 73 punten op it sechde plak yn it klassemint. De Belch Stoffel Vandoorne giet mei 125 punten oan de lieding.
Nyck de Vries yn aksje yn Marrakesh © Orange Pictures
18:07

Triemstra, Attema en Van Zwieten winne keatspartij

Jelle Attema, Taeke Triemstra en Menno van Zwieten hawwe it troch-inoar-lotsjen yn Eksmoarre wûn. Yn de finale fan de haadklassepartij namen se it op tsjin Gert-Anne van der Bos, Gabe-Jan van Popta en de bylotte Evert Pieter Tolsma. Dat waard 5-3 6-3 yn it foardiel fan Triemstra-en-dy.
De lytse preemje gie nei it partoer fan Dylan Drent, Bauke Dijkstra en de bylotte Tjisse Steenstra.
16:27

Easterein wint jong fammepartij

Roelie Kroondijk, Corrie Kroondijk en Jeska Terpstra hawwe de jong fammepartij wûn foar Easterein. Yn Mantgum wienen se yn de finale mei 5-3 6-4 te sterk foar Goaiïngea mei Afke Marij van der Goot, Moniek Lootsma en Iris Oosterbaan.
15:45

Twadde wedstriid proai foar It Hearrenfean

It skûtsje fan It Hearrenfean, de Gerben van Manen mei skipper Sytze Brouwer, hat de twadde wedstriid fan de SKS-jubileumstriid wûn. Twadde wie Willem Zwaga fan Ljouwert en Rinus de Jong fan De Jouwer waard tredde.