Twa manlju slim ferwûne by ûngelok yn Aldwâld

Ungelok yn Aldwâld © Noordernieuws
By in ûngelok yn Aldwâld rekken yn de nacht fan freed op sneon twa mannen op in scooter slim ferwûne. Op de Trekwei (N910) kaam de scooter op in krusing yn botsing mei in auto.
Plysje, brânwacht, ambulânses en in traumahelikopter kamen foar de helpferliening.
Troch de klap rekke ien man yn de sleatswâl. Hy is nei it sikehûs oerbrocht. Ek de bestjoerder fan de scooter is nei it sikehûs brocht. De automobilist (53) fan Zuidhorn kaam mei de skrik frij. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.
De beide ferwûnen binne in 33-jierrige man út Kollumersweach en in 31-jierrige man fan De Westereen.