Oekraïners bouwe nettsjinsteande fertriet dochs in moai libben op yn Harns

Flechtling Ludmilla Olefir foar de klasse © Omrop Fryslân
Hoe werpakst dysels en joust in draai oan dyn nije libben? 36 Oekraïners flechten nei Harns en bedarren dêr yn de tydlike opfang yn Maritieme Academie. Yntusken hawwe se allegearre in hûs en baan.
Ludmilla Olefir en Elena Shevel flechten apart fan inoar út Oekraïne. Ludmilla mei har dochter en Elena mei har jongste dochter. Har âldste dochter wenne hjir al by har freon, dy't út Harns komt. Ludmilla komt by in freon terjochte dêr't se in kear yn Oekraïne foar wurke, as oersetster.

Kontakten

Mei help fan nije freonen en ynstânsjes, lykas de gemeente en Arjen Mintjes fan de Maritieme Academie, witte de froulju hieltyd mear kontakten op te dwaan.
"In freon naam my by de hân, as in lyts famke, en liet my de stêd en de minsken sjen. Ik learde alle dagen nije minsken kennen en krige úteinlik fia Arjen in baan oanbean", fertelt Ludmilla.
Oekraïiners bouwe nettsjinsteande fertriet dochs in moai libben op yn Harns
Ludmilla wie yn Oekraïne dosint Ingelsk en oersetter. Se joech dêr les oan folwoeksenen, mar yn Harns jout se les oan bern út Oekraïne. "De Maritieme Academie hat ús in romte oanbean, sadat ik tegearre mei Janny Walta, dy't hjir al frijwilliger wie, lesjaan kin oan flechte bern. Ik fyn dit echt hiel leuk om te dwaan."
It fergiet Ludmilla goed. Se is bliid dat se bydrage kin oan de maatskippij. "Ik besykje de bern wat te learen, lykas Ingelsk, mar ek hoe't de wrâld wurket."

Hûs regele

Elena is ek wiis mei hoe 't it giet yn Nederlân. "Ik fyn Harns sa moai! De minsken hjir binne sa aardich." Bliid fertelt se dat se twa moanne lyn fan de gemeente hearden dat se in hûs regele hiene. "Se seine: we ha de kaai, jim meie tegearre sjen as jim wolle."
Ludmilla en Elena hawwe inoar pas yn Harns moete, mar wenje yntusken mei harren dochters en de mem fan Elena, dy't nei it ferstjerren fan har man ek nei Harns kaam is, yn in hûs.
Elena: "Ik fiel my hjir feilich en minder strest as yn Oekraïne. Dêr hie ik in drok bestean as ûndernimster en no kom ik ta rêst en wurd ik wer in bytsje in normaal minske."
De froulju helpe oare flechtlingen as oersetter. "Wy binne hjir sa goed holpen. Dat is net te beskriuwen. Ik wol dat safolle as mooglik werom dwaan."
Dosint Janny Walta © Omrop Fryslân
Janny Walta is al njoggen jier mei pensjoen, mar wurket noch altyd (frijwillich) by skoallen en ynstânsjes, lykas de Maritieme Academie. "Ludmilla helpt my mei oersetten, dat skeelt in hiele hoop. Ik bin bliid mei har. Dit giet folle flugger as oersette mei Google."
Walta leart ek in soad fan de froulju út Oekraïne. "It libben is dêr hiel oars. Dat is net te ferlykjen. Ik besykje der foar harren te wêzen en hoopje dat de bern sa goed as mooglik Nederlânsk leare. Je witte noait hoelang't se hjir bliuwe."