Yn Súdwest-Fryslân meie ynwenners helpmiddels tenei hâlde by ferhuzing

© Shutterstock
Yn de gemeente Súdwest-Fryslân kinne ynwenners tenei harren rolstoel of scootmobyl meinimme kinne as se ferhúzje. Gewoanwei moatte helpmiddels by ferhuzing wer ynlevere wurde en op 'e nij oanfrege wurde yn it nije wenplak.
Dat dat no net mear hoecht komt omdat Súdwest-Fryslân him oanslút by it lanlike konvenant foar it meiferhúzjen fan helpmiddels. Reden foar it eardere systeem wie dat elke gemeente syn eigen regels hat foar it fergoedzjen fan helpmiddels, leit wethâlder Marianne Poelman fan de gemeente út.
"De voorziening, het apparaat of hulpmiddel wordt verstrekt vanuit de gemeente. Ga je naar een ander postcodegebied, dan moet je je spulletjes weer inleveren, want je hebt het in principe in bruikleen. Dan moet je bij een nieuwe gemeente het opnieuw gaan aanvragen."

Ungemak foar ynwenners

In part fan it brûkte guod bedarret dêrnei yn in hok en wurdt net wer brûkt, seit Poelman. Mar de grutste reden om it systeem te feroarjen is it ûngemak foar de ynwenners. "De inwoner zijn beperking zal over het algemeen niet weg zijn, dus die moet weer door al die hoepels in de nieuwe gemeente om ervoor te zorgen dat hij dat krijgt wat hij al had."
It probleem spilet al langer, en it Ryk hat yn 2019 sein dat it útjaan en meiferhúzjen fan helpmiddels oars oanpakt wurde moast, fertelt Poelman. "In 2019 zijn er best veel klachten geweest van inwoners waar dit mee gebeurde. Het ministerie van VWS heeft gezegd dat het anders moest."

150 gemeenten

Uteinlik is it konvenant dat freed troch 150 gemeenten ûndertekene is ien fan de ferbetterpunten út it aksjeplan fan it ministearje. It betsjut ek dat likernôch de helte fan de gemeenten yn Nederlân noch net meidocht.
It gefolch is dat de foardielen allinnich jilde foar minsken dy't út in dielnimmende gemeente wei ferhúzje. "Als je bij onze gemeente weggaat, heb je het voordeel. Het kan ook zijn dat je bij onze gemeente komt uit een gemeente die niet is aangesloten, dan gaan we opnieuw kijken wat je nodig hebt."
Om ûngemakken foar elkenien dy't helpmiddels brûkt yn de takomst safolle mooglik foar te kommen, docht de wethâlder in oprop. "Mijn oproep aan alle Friese gemeenten is: doe mee."