Opnij strangere regels foar tabaksferkeap: sigareboeren wolle kompensaasje

Gjin reklame mear yn de winkel, in unifoarme sigaret en in ferbod op elektroanyske 'verhittingsapparaten'; dat binne in pear maatregels foar de ferkeap fan tabak dy't op 1 july yngien binne.
Sjoerd Hettinga en Eduard Reekers binne sigareboeren yn Snits en Ljouwert. Se hawwe begryp foar it beheinen fan it smoken en besykje de maatregels sa goed as mooglik ta te passen, mar fine it op dizze wize net mear te dwaan.
Bern meie op gjin inkelde wize mear beynfloede wurde troch smokersguod en -reklame. Sûnt jannewaris moatte de gevels fan tabakssaken folslein ôfplakt wurde. Fan bûten is der gjin tabaksprodukt mear sjen.
Sigareboeren Hettinga en Reekers litte sjen wat der allegear feroare is
Reekers hat spesjaal banners ophongen, sadat de doar noch wol sûnder problemen iepen kin. "Maar in de winter doe ik vanwege de kou de deur dicht. Alle ramen zijn afgeplakt, de etalage is met een kleed afgeplakt. Niemand kan meer zien wat er hier binnen gebeurt. Qua veiligheid voelt dat niet altijd prima."
Steatssekretaris Maarten van Ooijen seit op de webside van it ministearje fan VWS: "Het is ontzettend belangrijk dat kinderen opgroeien in een rookvrije omgeving. Daarmee kunnen we bijdragen aan het terugdringen van de circa 20.000 sterfgevallen door tabak elk jaar. Met deze nieuwe wettelijke regels maken we concrete stappen richting de rookvrije generatie. Tabaksproducten verdwijnen verder uit het zicht en worden minder aantrekkelijk, zodat stoppen met roken makkelijker wordt en starten moeilijker."
Troch in oerfal yn Helmond maart dit jier, is dat gefoel fan ûnfeiligens allinnich mar fersterke. "Fan bûten hat net ien der wat fan murken, want alles wie ôfplakt", seit Hettinga. "De oerfaller is nei binnen ta gien, hat syn pistoal lutsen en hie alle tiid om sels it muntjild te pakken. Dêrnei is er rêstich fuortrûn. Bûten hie gjin minsk wat troch."
Eduard Reekers, sigareboer yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De sigareboeren witte dat de tabaksferkeap einich is. Se binne ek wol ree om op te hâlden, mar no sjogge se dêr gjin perspektyf foar.
"De saak is net ferkeapber mear. As ik dat ea doch, dan moat alles efter doarren en kasten. No hoecht dat noch net, omdat ik in útsûnderingsposysje haw. Dat kostet in hiel soad, dus nimmen wol myn saak oernimme", seit Hettinga. "Ik heb ook een huurcontract en ik heb iemand in dienst, dus zo maar stoppen kan gewoon niet", fertelt Reekers.
Ferslachjouwer Casper Slotboom yn petear mei Sjoerd Hettinga en Eduard Reekers
Se hoopje dêrom op stipe fan de oerheid. Hettinga: "Ik haw it absolút te dwaan mei de boeren. Mar as dy útkocht wurde, dan krije se sinten. As in sigareboer it net mear rêde kin troch oerheidsmaatregels, dan giet er gewoan fallyt. Asto troch oerheidsbelied dyn ûndernimming net mear utfiere kinst, dan is it normaal dat de oerheid in finansjele fergoeding jout, bygelyks út de ynkomsten fan aksyns."
Reekers: "Misschien moeten ze het product gewoon verbieden. En dan de mensen die in de verkoop zitten een nieuwe baan aanbieden of compenseren. Dat zou misschien een oplossing zijn."