Man út Frjentsjer ferstoarn by oanhâlding mei pepperspray en stroomstjitwapen
In man út Frjentsjer is ferstoarn by syn oanhâlding yn in wenning oan de Fransiscushof. Neffens de plysje fersette de man him bot doe't se freedtemiddei by de wenning oankamen en moasten se pepperspray en in stroomstjitwapen brûke.
Wylst de plysje-aginten besochten de man ûnder kontrôle te bringen, rekke hy bûten westen. Der is besocht him te reanimearjen, mar dat holp net. De man is op it plak fan syn oanhâlding ferstoarn.
Der wurdt no ûndersyk dien nei de situaasje. Om't der plysjes by belutsen binne, is de ryksresjerzje op 'e hichte brocht om ûnôfhinklik ûndersyk te dwaan. Dit is standertproseduere by dit soart situaasjes, meldt de plysje.