Kommissaris Brok: "Gjin belangeferfrisseling by boeren yn Fryske Steaten"
Yn de Fryske Steaten is gjin sprake fan belangeferfrisseling by steateleden dy't boer binne en meistimme oer stikstofmaatregels. Dat seit kommissaris fan de Kening Arno Brok yn reaksje op berjochtjouwing fan de NRC oer yntegriteitskonflikten by steateleden yn Nederlân.
De krante ûndersocht hoefolle steateleden ek boer binne en dat sy mooglik yntegriteitsregels skeind ha troch mei te stimmen oer it stikstofûnderwerp. Yn Fryslân giet it om fjouwer folksfertsjintwurdigers.
Yn de measte provinsjes is it ferbean dat steateleden meistimme oer ûnderwerpen dêr't se persoanlik by belutsen binne. By stikstof leit de útfiering by de provinsje. De steateleden ha dan ek in grutte finger yn 'e brij as it giet om de útfiering.
Brok fynt net dat der sprake is fan in probleem: "Nee, hielendal net. Minsken sitte yn in gemeenteried of yn de Steaten en dat is in ôfspegeling fan de mienskip. Dêr sitte ek boeren by. De wet is ek dúdlik: der mei gjin sprake wêze fan streekrjochte belangeferfrisseling. Dat beweitsje wy ek."
Der binne al grinzen, stelt Brok. Sa hinget it ôf fan wat der yn it foartrajekt bart. Ien mei in direkt belang kin net it wurd fiere oer in kwestje, mar mei wol meistimme, stelt Brok. "Dêr wurde se foar ynhierd, it is har demokratyske plicht."
Heechlearaar Publyke Sektor Caspar van den Berg fan Campus Fryslân is it dêr mei iens. Neffens him leit it hielendal oan de opstelling fan it steatelid. "Als het de persoon direct raakt, moet hij of zij daar niet het woord over voeren. Het debat moet dan gevoerd worden in de fractie, want vaak is ook dat eigenbelang maar een klein onderdeel van een groter geheel."
Van den Berg begrypt de ophef fan syn kollega-bestjoerssaakkundigen net: "Als je dit doortrekt, dan zou iemand met kinderen niets meer kunnen zeggen over onderwijs of kinderopvang. Of een leraar die in een gemeenteraad kan niets meer zeggen over onderwijs. De politiek dient echt wel een afspiegeling te zijn van de samenleving."
Yn de Fryske CDA-fraksje sitte de measte boeren. Fraksjefoarsitter Aebe Aalberts sjocht ek gjin probleem. "We ha it der yn de fraksje geregeld oer. Komme we der net út dan freegje we it nei oan de griffier of oan de kommissaris. Oant no ta hat dat net spile."
Stap werom dwaan
Ien fan de fraksjeleden mei in belang is Anne Schelhaas. Hy is boer yn in gebiet dêr't 47 persint reduksje fan stikstof plakfine moat. Hy wiist de beskuldiging fan belangeferfrisseling fan de hân. "Dêr is perfoarst gjin sprake fan. As it om mysels giet, dan is it logysk dat ik dêr neat oer sis", seit Schelhaas. "As der in persoanlik belang by is, dan moatte je even in stap werom dwaan."