Waadeilannen sjogge in oar soart toeristen: "Veeleisender en luidruchtiger"

Hollum op It Amelân © Shutterstock
De Waadeilannen sjogge sûnt it útbrekken fan de coronapandemy in oar soart toeristen. It nei rêst ferlangjende publyk makket hieltyd faker plak foar feestfierders.
Dat docht bliken út ûndersyk fan de Waadakademy dat dien is út namme fan it Samenwerkingsverband De Waddeneilanden. "In plaats van de rust- en stiltezoekers zijn zon- en zeeaanbidders naar de eilanden gekomen. Ze zijn veeleisender en luidruchtiger. Ze zijn niet gewend aan de situatie op het eiland en gedragen zich daarnaar", skriuwe bestjoerders fan It Amelân yn it rapport.
"Ze crossen met scootertjes door de duinen, gaan claxonnerend en schreeuwend door een dorp, steken zeldzame planten uit met de bedoeling die thuis in de tuin te zetten en zijn soms erg ongeduldig op terrassen."

Toeristen ynformearje

Omdat it fanwegen de coronamaatregels twa jier lang net of hast net mooglik wie om nei it bûtenlân te reizgjen, ûntdutsen hieltyd mear toeristen de Waadeilannen. It Amelân is úteinset mei in kampanje om toeristen better te ynformearjen.
Teksel wol de toeristyske groei ek ôfremje. In tal eilannen is benaud om in "yuppeneiland" of in "partyeiland" te wurden. Dy eangst wurdt oanfierd troch it gegeven dat it tal kampearterreinen sakket, en hieltyd mear minsken in eigen fakânsjehûs keapje, dat it grutste part fan it jier leech stiet.