Provinsje lûkt 1,3 miljoen út foar ombouwen besteande gebouwen ta wenningen

© ANP
De provinsje Fryslân stelt 1,3 miljoen euro beskikber foar it bouwen fan wenten yn besteande gebouwen dy't frijkomme. Sa soe gau nije wenromte realisearre wurde kinne.
Ien fan de ûnderdielen fan dizze regeling is it ferbouwen fan leechsteande gebouwen ta selsstannige wenromte foar ûnbepaalde tiid. It kin dan sawol om wenningen yn doarpen as stêden gean. Foar dizze oanpassingen is mei-inoar 960.000 euro beskikber.
In oar part fan it jild is beskikber foar it oanpassen fan gebouwen ta tydlike selsstannige wenten. It giet dan om gebouwen wêryn't foar maksimaal fyftjin jier wenromte oanbean wurde kin.

Duorsum

Neffens deputearre Klaas Fokkinga is de oplossing ek duorsum. "Troch it brûken fan besteande gebouwen kinne wy fluch nije wenten meitsje, faak tichteby foarsjennings. Boppedat binne dêrfoar meastentiids minder boumaterialen nedich."
It foardiel is boppedat dat leechsteande gebouwen mei dizze regeling in nije bestimming krije.