Provinsjesekretaris Bouius wurdt ferantwurdlik foar fersterkingsoperaasjes Grinslân

Regina Bouius-Riemersma © Provinsje Fryslân
Regina Bouius-Riemersma fan It Hearrenfean wurdt de nije algemien direkteur Nationaal Coördinator Groningen (NCG). Dy organisaasje is ferantwurdlik foar de fersterkingsoperaasje yn it Grinslanner ierdbevingsgebiet.
Bouius wurket sûnt oktober 2017 as provinsjesekretaris en algemien direkteur fan de provinsje Fryslân. Dêrmei wie se de heechste baas fan it amtlik apparaat.
De taak fan de Nationaal Coördinator Groningen is om Grinslanners op tiid dúdlikheid te jaan oft harren hûs foldocht oan de feilichheidsnoarmen. As dat net it gefal is, moat de Ryksoerheid it pân fersterkje.

Fersterkingen yn 2028 klear

De ambysje fan it Ryk is om ynwenners fan Grinslân op syn lêst yn 2023 dúdlikheid te jaan oft harren pân foldocht oan de feilichheidsnoarmen. De needsaaklike fersterkingen moatte yn 2028 klear wêze.
Bouius begjint op 1 septimber oan har nije baan. Se is de opfolger fan Peter Spijkerman.
Earder wurke se by it UMCG, de gemeente Zwolle en oerheidsorganisaasjes DUO en IND. Yn Fryslân wurke se as foarsitter fan de ried fan bestjoer fan thússoarchorganisaasje Het Friese Land.