In simmer fol live fierljepwedstriden

It twakamp yn Drylts © Martin de Jong
Kinne de bruorren Galama it Fryske rekôr út 'e boeken ljeppe? Komt de 19 meter yn it sicht foar Marrit van der Wal? Mei de nije skânsen fan Drylts en It Heidenskip is de jacht iepene op de nije persoanlike, skâns-, Fryske en Nederlânske rekôrs.
Der binne dit jier fiif livestreams te sjen by Omrop Fryslân, mei ûnder oare it Keningsljeppen en it Nederlânsk Kampioenskip yn Linschoten. De earste livestream is op sneon 2 july te sjen fia de Omrop-app en op omropfryslan.nl.

Frysk Kampioenskap fierljeppen

Op sneon 20 augustus fynt it Frysk Kampioenskip fierljeppen wer as fanâlds plak yn Winsum. Omrop Fryslân is der de hiele middei by en stjoert it fan 13.30 oere ôf live út op telefyzje, radio en online.
Dit binne de wedstriden dy't Omrop Fryslân live útstjoere sil fia de livestream:
- Twakamp yn It Heidenskip: sneon 2 july om 14:00 oere
- Keningsljeppen yn Burgum: sneon 16 july om 18:30 oere
- Fierljeppen yn It Heidenskip: sneon 6 augustus om 18:30 oere
- FK yn Winsum: sneon 20 augustus om 13:30 oere (ek live op tv)
- Fierljeppen yn Winsum: sneon 27 augustus om 18:30 oere
- NK yn Linschoten: sneon 3 septimber om 18:30 oere