Fryslân stiet stil by slavernijferline mei kuiertocht en heri heri

It klearmeitsjen fan heri heri © Free Heri Heri Fryslân/Lucas Kemper
Mei in kuiertocht lâns de spoaren fan it slavernijferline en it iten fan in poarsje heri heri wurdt yn Fryslân hjoed stilstien by de ôfskaffing fan de slavernij yn it Keninkryk fan de Nederlannen. Dat is hjoed 159 jier lyn.
De ôfskaffing fan de slavernij wurdt fierd ûnder ferskate nammen, lykas Keti Koti, Dia di lucha pa libertat en Emancipation day. Om stil te stean by it slavernijferline steane yn de binnenstêd fan Ljouwert njoggen buorden mei ynformaasje oer dy tiid.
Elke lokaasje dêr't in boerd stiet, hat in link mei it slavernijferline. De tocht is ynspirearre op it boek Sporen van het slavernijverleden in Fryslân fan Barbara Henkes.
Yn Fryslân wurdt stilstien by de ôfskaffing fan de slavernij
De buorden steane der noch oant en mei 10 july. Op 1 july sels biede Tûmba, it Comité 30 juni/1 juli Fryslân en A Guide To Leeuwarden in fergeze stedskuiertocht oan.

1.000 kear heri heri

De kuiertocht begjint by it Natuurmuseum en einiget by De Harmonie. Dêr organisearret Pier21 in fiering fan Keti Koti mei in foarstelling en it iten fan heri heri.
Fan dat Surinaamske gerjocht, dat op de plantaazjes iten waard troch ta slaaf makke minsken, wurde freedtemiddei 1.000 fergeze mielen útdield.
Njonken it iten fan heri heri is der in kultureel programma yn De Haromie. Juersson Aldaïr Hermanus fiert in dûnsfoarstelling op, Koko Lawson hâldt in talking drum performance en der is muzyk fan Michelle Samba, Muriel Blijd & Talita Blijd en gospelkoar Wazzup Singers.
Ien fan de ynformaasjebuorden oer it slavernijferline © Pier21