'Sinjaalpeal' moat besikers ynformearje oer tagong ta kwelder De Westhoek

In grutte groep fûgels by de kwelder by De Westhoek © ANP
Der komt in eksperimint mei saneamde sinjaalpeallen by de kwelder fan De Westhoek. Ofhinklik fan it tij jouwe de peallen ynformaasje oer it betrêdzjen fan de kwelder en it Waad.
It is in proef yn it ramt fan it projekt Wij en Wadvogels fan Vogelbescherming Nederland en natuerbehearder It Fryske Gea.
In earder plan mei stopljochten is nei krityk ynlutsen. Dochs wolle de partijen sjen oft se in goede oanpak fine kinne om fersteuring fan fûgels foar te kommen op plakken dêr't sy in soad sitte by heech wetter, sûnder dat in gebiet ôfsletten wurde moat.
Sokke plakken wurde ek wol heechwetterflechtplakken neamd. Waadfûgels kinne dêr net sûnder, omdat sy eins gjin oare plakken ha wannear't de sân- en slykplaten ûnder wetter stean.
It heechwetterflechtplak fan De Westhoek is ien fan de drokste en wichtichsten. Dêr genietsje ek in soad minsken fan.

"In overleg met de gemeente"

"We gaan nu experimenteren met een nieuw soort informatiebord of -zuil die geplaatst gaat worden in overleg met de gemeente", seit projektlieder Ingrid Aaldijk fan Vogelbescherming Nederland.
Dy peal jout oan wannear't it heech of leech wetter is en wannear't je wol de kwelder en it Waad op kinne en wannear net. De ynformaasje dy't je sjogge korrespondearret dus mei it tij fan dat momint.
De kwelder by De Westhoek mei in wifiteller om besikers te registrearjen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It giet hjir om gedrachsregels en gjin plicht, seit Aaldijk: "Bij hoog water liever dus niet, maar dan kun je nog steeds van een afstandje met een verrekijker genieten van tienduizenden vogels die er aan het overtijen zijn."
Hoe goed oft dat wurket, wurdt ûndersocht mei Sovon Vogelonderzoek troch in earder ûndersyk nei fersteuring te werheljen. "Maar we gaan ook met bewoners en bezoekers in gesprek om te kijken wat ze vinden van zo'n informatiezuil en of ze ook bereid zijn die informatie op te volgen."
Fierder sil Sovon sjen wat der noch te ferbetterjen falt. "Die informatie nemen we mee om hopelijk ook andere hoogwatervluchtplaatsen zo in te richten en erover te communiceren dat we de rust voor de vogels kunnen versterken", heakket Aaldijk ta.

Soad reewilligens

Ut in resint ûndersyk fan de Waddenvereniging mei hegeskoalle NHL Stenden docht neffens Aaldijk bliken "dat er een hele hoge mate van bereidheid is bij mensen om zich aan de regels te houden om daarmee vogels te beschermen. Dat draagvlak neemt ook toe naarmate de leeftijd toeneemt."
Al is it wol sa dat benammen 'oare minsken' harren gedrach oanpasse moatte. In hiel soad minsken seit dat sy eins net safolle witte fan de fûgels op it Waad.