Gruttere kealslach iepenbier ferfier driget: "Makket doarpen minder oantreklik"

Habtamu de Hoop (PvdA) © ANP
Der is mar ien oplossing om it iepenbier ferfier op peil te hâlden op it plattelân: it Ryk moat der mear jild yn stekke. Dat seit Habtamu de Hoop, Twadde Keamerlid foar de PvdA.
De ynwenner fan Wommels makket him grutte soargen oer it iepenbier ferfier yn Fryslân. Ferfiersbedriuw Arriva sil takom jier 9 prosint minder ritten útfiere en De Hoop hâldt der rekken mei dat der noch folle mear busritten ferfalle.
It iepenbier ferfier yn Nederlân hat it swier, omdat nei de coronakrisis minder minsken de trein of bus pakke as dêrfoar. Mei minder ynkommen kinne de ferfiersbedriuwen finansjeel net rûnkomme en dêrmei ek de tsjinstregeling net oerein hâlde.

Gruttere kealslach driget

Op it stuit krije de bedriuwen noch coronastipe fan it Ryk, mar dy rint dit jier ôf. In noch gruttere kealslach yn it iepenbier ferfier driget.
Om de problemen yn it iepenbier ferfier yn hiel Nederlân yn kaart te bringen, hold De Hoop tongersdei in goed besochte harksit yn de Twadde Keamer oer de achterútgong fan it iepenbier ferfier.
It soarget derfoar dat der minder bern yn de doarpen bliuwe.
Habtamu de Hoop oer de ferskraling fan it iepenbier ferfier
"Der sit in grutte ferskraling oan te kommen en dêr meitsje ik my soargen oer", sei de Fries. "Krekt foar de leefberheid fan it plattelân is it hiel wichtich dat der iepenbier ferfier is. Dêrmei krije minsken tagong ta skoalle, wurk en it sikehûs."
As de ferskraling trochset, hat dat neffens De Hoop grutte gefolgen. "It makket de doarpen minder oantreklik. It soarget derfoar dat der minder bern yn de doarpen bliuwe."
Neffens De Hoop is der mar ien oplossing foar it probleem: it Ryk moat ree wêze om mear te ynvestearjen yn it iepenbier ferfier, ek op it plattelân.

Steatssekretaris: mear jild net perfoarst effektyf

Mar neffens steatssekretaris Vivianne Heijnen (Ynfrastruktuer) is dat "geen vanzelfsprekendheid". Se wol der wol nei sjen, "maar ik kan elke euro maar één keer uitgeven en het gaat niet om kleine bedragen".
Dit jier giet it om sa'n 140 miljoen euro, neffens in skatting fan ôfrûne april. Ferline jier gong it om 1,4 miljard euro.
Jild nei de sektor stjoere is neffens Heijnen net perfoarst effektyf. Se wol benammen hiel presys sjen hoe't se derfoar soargje kin dat reizgers it iepenbier ferfier wer mear brûke.

Fisieuze sirkel

De ANWB seit dat minsken it iepenbier ferfier minder brûke, krekt omdat it hieltyd fierder útklaaid wurdt. "Daardoor is de auto zo ongeveer het enige alternatief voor de wat langere afstanden", seit Arnoud Broekhuis fan ANWB Verkeersinformatie freed tsjin De Telegraaf.
Yn it debat fan tongersdei koe Heijnen noch gjin dúdlikheid fersoargje oan de ferfiersbedriuwen. Se moat earst noch "een paar stapjes" sette.