Achtkarspelen wol ek yn de takomst gjin Natura 2000-gebieten

Bootsma's Poel, in pingoruïne by Twizel © ANP
Yn de gemeente Achtkarspelen lizze gjin Natura 2000-gebieten en wat in mearderheid fan de ried fan Achtkarspelen oanbelanget, bliuwt dat sa. In foarstel fan FNP, CDA en Gemeentebelangen dêrta is oannaam.
Trije partijen (PvdA, ChristenUnie en GrienLinks) stimden tsjin it foarstel. Dat waard yntsjinne mei de stikstofkrisis yn de achterholle.
Oft it foarstel tsjin takomstige Natura 2000-gebieten wearde hat, moat noch mar blike: gemeenten ha gjin foech yn it oanwizen fan Natura 2000-gebieten.
Mei it foarstel wolle de tsjinstanners fan Natura 2000-gebieten in sinjaal ôfjaan oan it Ryk en de provinsje. "Wy moatte dúdlikheid jaan oan ús ûndernimmers", sei Wopke Veenstra (FNP) út namme fan de yntsjinners.
Natura 2000 is in Europeesk netwurk fan beskerme natuergebieten. Guon bisten en planten wurde beskerme om it bioferskaat te behâlden. De kwaliteit fan guon fan dy gebieten stiet ûnder druk troch de hege stikstofdelslach yn Nederlân.