Grutte brân yn wenbuorkerij Ljussens nei tongerynslach

© CAMJO media
Yn Ljussens is tongersdeitejûn brân útbrutsen yn in wenbuorkerij. Oarsaak fan de brân wie nei alle gedachten tongerynslach.
De brânwacht hie opskaald nei grutte brân fanwegen it reidtek fan de pleats. Alle minsken wienen op tiid út it gebou.
It duorre in skoft foardat de brânwacht de situaasje ûnder kontrôle hie. In part fan it dak is sloopt, om better by de brân te kinnen. Om likernôch 00.45 oere wie de brân ûnder kontrôle.
By de brân, dy't even útslaand wie, kaam in soad reek frij. Brânwachtploegen fan Eanjum, Ternaard, Dokkum en Burgum wienen teplak om de brân te bestriden.