Fjouwer jier stipe troch Sportakkoart, mar noch net altyd bekend by ferienings

© ANP Foto
Wat hat de fjouwer jier stipe út it Sportakkoart opsmiten foar de gemeenten, sportklups en ferienings yn Fryslân? Yn iishal Thialf kamen de belutsen partijen woansdeitejûn foar in Sportakkoart Festival byelkoar om dêr ris by stil te stean. "It giet goed, mar it kin noch better" liket de tendins.
De helte fan de fjouwer jier Sportakkoart waard dominearre troch corona.
It Sportakkoart is yn 2018 ûndertekene troch doetiidsk minister fan Volksgezondheid, Welzijn en Sport Bruno Bruins en oare belanghawwenden op lokaal nivo.
It doel fan it akkoart is om de organisaasje en finânsjes fan de sport yn Nederlân takomstbestendich te meitsjen en om sport tagonklik te hâlden foar elkenien.
De útfiering fan it Sportakkoart bart foar in grut part troch de gemeenten yn gearwurking mei de klups en sportferienings.
Programmamanager Johan Spijksma fan SportFryslân sjocht dat ferienings en klups dêrtroch no pas ûntdekke dat se by harren gemeenten finansjele stipe foar harren plannen oanfreegje kinne: "De tendins is wol dat it hieltyd better fûn wurdt, mar dat we der noch lang net binne."
Jorick de Haan, meiwurker fan SportFryslân yn Waadhoeke werkent dat byld. Neffens him wienen der yn de earste jierren net in soad oanfragen: "We wisten dat we iets anders moesten doen, want wie wil er nou geen subsidie?"
Yntusken sjogge se de oanfragen yn Waadhoeke oprinnen. De stipe út it Sportakkoart hat yn Waadhoeke ûnder oaren meiholpen oan it keapjen fan in oanpaste jeugdmenkarre, sa't bern mei in beheining hynders menne kinne.
Ferslachjouwer Earryt Sijens by it Sportakkoord Festival
Yn ferliking mei oare provinsjes skoart Fryslân goed as it giet om de útfiering fan it Sportakkoart, sjocht Eric Lagendijk fan Vereniging Sport en Gemeenten. De measte fuortgong is helle yn it mear bern oan de beweechrjochtlinen foldwaan te litten.
Dochs mei der noch wol in skepke boppe-op om oan de lanlike beweechnoarmen te foldwaan. Lagendijk: "En ook als je kijkt naar het financiële aspect, dan zie je dat Fryslân exact evenveel als de gemiddelde provincie uitgeeft." Op de Waadeilannen binne de minste minsken lid fan in sportferiening, yn gemeente De Fryske Marren de measten.
As it giet om de partijen dy 't no belutsen binne by it Sportakkoart falt noch wol wat te heljen. Spijksma: "It biedt kânsen foar ferienings en klups, mar ek foar it ûnderwiis of de sosjale domeinen. Se moatte it allinnich wol witte te finen."