Kommissaris Brok nei protest: "In oar bepaalt net hoe't Provinsjale Steaten wurkje moat"

Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Omrop Fryslân
Kommissaris fan de Kening Arno Brok is net te sprekken oer it ferrin fan de demonstraasje fan woansdei by it Provinsjehûs. "Dit is gjin reklame foar de sektor", seit Brok oer it protest tsjin de nije stikstofmaatregels fan it kabinet.
By it Provinsjehûs yn Ljouwert barrikadearren demonstranten woansdei de doar en easken se hantekeningen fan Steateleden ûnder in manifest.

Yntimidaasje

"As der yntimidaasje is, en juster (woansdei, red.) wiene der gewoan dingen dy't net koenen, dan sizze wy: 'Dêr hâldt it op'. Dêr lûke wy ús grins. Wy binne baas oer ús eigen hûs", seit Brok.
"In oar bepaalt net yn ús hûs hoe't Provinsjale Steaten wurkje moat. Dat is ek net oan de strjitte. Dêr nimme wy dus dúdlik stelling tsjin. Yntimidaasje litte wy net ta en akseptearje wy ek net."

Net allinnich boeren

It is de kommissaris wol opfallen dat der net allinnich boeren op it protest ôfkamen. "Dat makket it allegearre wol wat yngewikkeld", seit Brok.
Hy wol nammentlik wol graach hearre nei wat de boeren te sizzen hawwe. "Ik tink dat we op ynhâld it ferhaal mei-inoar fiere moatte. Dat is ek ús poging. Om te soargjen dat we mei-inoar op ynhâld de goeie stappen sette kinne. Mei it belied dat wy graach wolle yn de takomst yn Fryslân."
"Wy wolle yn Fryslân yn de takomst ek lânbouprovinsje bliuwe. Wy leauwe yn de boeren dy ek yn de takomst boer bliuwe wolle. Dêr moat de enerzjy yn sitte", sa seit Brok.