Steatssekretaris jout ‘winstwarskôging’ ôf oer Lelyline: "Ik moet eerlijk zijn"

Steatssekretaris Vivianne Heijnen © ANP Foto
Ynwenners fan Fryslân en Grinslân moatte noch net tefolle rekkenje op de komst fan de Lelyline. Steatssekretaris Vivianne Heijnen is skeptysk oer in eventuele bydrage út Europa foar de rappe treinferbining tusken it Noarden en de Rânestêd.
De bydrage út Europa is nedich, omdat it kabinet sels trije miljard euro begrutte hat en de oanlis fan de Lelyline minimaal it dûbele kostje sil.

Winstwarskôging

"Ik wil een winstwaarschuwing afgeven", seit se by it debat oer de ynfrastruktuer yn ús lân. "We hebben een enorm ambitieus coalitieakkoord, waarin drie miljard euro is uitgetrokken voor de Lelylijn. Voor het project is nu de helft van het geld binnen, we moeten nog de helft ophalen."
Heijnen jout oan dat der net tefolle fan de bydrage fanút Europa ferwachte wurde moat. De regio en in part fan de Keamerleden hopet dat de Europeeske Uny miljarden bydrage sil oan de oanlis fan de Lelyline, mar dat is noch fier fan wis.

Betingsten

Under mear it Fryske Keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA) krige koartlyn fan in topamtner fan it ministearje fan Ynfrastruktuer te hearren dat it noch net sa maklik is.
De Lelyline moat alderearst oan in tal betingsten foldwaan: de ferbining moat 'grensoverschrijdend' wêze, de trein moat minimaal 160 kilometer yn 'e oere ride, it spoar moat tagonklik wêze foar langere frachttreinen en it spoar moat elektrifisearre wêze, sa fertelde ôfdielingshaad Geert Buijs fan it ministearje fan Ynfrastruktuer oan leden fan de Twadde Keamer.

Lannen fjochtsje om miljarden

Ek is it ôfwachtsjen oft de Lelyline überhaupt kâns makket op Europeeske finansiering, sketst Buijs. "Er is 25,81 miljard euro beschikbaar", lei Buijs doe út. "Bijna de helft van dat bedrag is toebedeeld aan EU-cohesielanden."
Buijs sketste doe ek in byld dat Nederlân faker plannen yntsjinne hat, mar it earder miljoenen ûntfong as miljarden. "Tussen 2014 en 2020 was er in Europa een redelijk vergelijkbaar bedrag begroot. Daarvan ging in totaal 670 miljoen euro naar Nederlandse projecten en 223 miljoen euro naar Nederlandse spoorprojecten."

"Ferskriklik skande"

De Lelyline hat Europeeske miljarden nedich om überhaupt kâns fan slagjen te hawwen. Keamerlid De Hoop wol fan de steatssekretaris noch witte hokker potsjes jild sy eventueel noch oanboarje kin.
"Ik priuw út it ferhaal fan de steatssekretaris dat wannear 't Europa net bydraacht, de kâns lyts is dat de Lelyline der überhaupt komt. Dat soe echt ferskriklik skande wêze."

Earlike ferhaal

Heijnen jout oan dat se har ynsette bliuwe wol foar de Lelyline, mar dat se hjirby 'it earlike ferhaal' ferteld hat.
"Maar ik wil het beeld van de Lelylijn hoopvol houden", seit se by eintsjebeslút.
Steatssekretaris Vivianne Heijnen oer de kânsen fan de Lelylijn