Kollumer horloazje-ymporteur fraudearret foar mear as 350.000 euro

In Rolex © ANP Foto
It Iepenbier Ministearje hat tsjin in 27-jierrige man út Kollum in wurkstraf fan 240 oeren en in selstraf ûnder betingst easke. De man wurdt fertocht fan belestingfraude en stikferfalsking.
De fertochte fierde yn 2019 en 2020 eksklusive horloazjes út it bûtenlân yn sûnder hjiroer belesting te beteljen.
De dûane kaam de fertochte yn it neijier fan 2020 op it spoar doe't se in fracht fan fjirtich Rolex-horloazjes ûnderskepten by in kontrôle. De horloazjes, mei in totale wearde fan hast in heal miljoen euro, wienen ûnderweis nei it adres fan in bedriuw op Urk dêr't de fertochte wurke.
De fertochte die as kocht er de horloazjes binnen de Europeeske Uny, mar eins fierde er se yn út de Feriene Steaten, Kanada en Hong Kong sûnder dêr ynfier-btw oer te beteljen.

Grut finansjeel belang

"De verdachte wist hoe laat het was en welk risico er gloorde aan de horizon; in een WhatsApp-bericht heeft hij het over een mogelijke boete. Maar het stadium van boetes is hier ruimschoots gepasseerd want daarvoor is alleen al het financiële belang van deze zaak te groot", sei de offisier fan justysje.
Yn totaal hat de fertochte foar in wearde fan goed 1,7 miljoen euro oan horloazjes ynfierd. It belestingneidiel is berekkene op 373.000 euro.

Bekentenis

It IM easke yn earste ynstânsje in finzenisstraf fan tweintich moannen, wêrfan seis ûnder betingst. Mar by it lêste wurd kaam de fertochte, dy't earst mar diels iepenheid fan saken jûn hie, mei in hast folsleine bekentenis. Fanwegen dy feroare proseshâlding paste it IM de strafeask yn it foardiel fan de fertochte oan.
De rjochtbank docht oer fjirtjin dagen útspraak.