Jan Paternotte (D66): "Voor boeren gelden geen andere regels"

Jan Paternotte © ANP
In dúdlik sinjaal ôfjaan oan 'extremistische boeren' en alle oare Nederlanders dat it dien wêze moat mei boere-aksjes lykas it blokkearjen fan autodiken en it bedriigjen fan politisy. Dat is neffens fraksjefoarsitter Jan Paternotte fan D66 de ynset fan it ekstra Keamerdebat oer de boere-aksjes fan tongersdeitejûn yn Den Haag.
"De acties gaan te ver. Boeren op tractors hebben ambulances geblokkeerd en schoolbussen voor het speciaal onderwijs. Dat kan niet", seit Paternotte.
Nei oanlieding fan ferskate ynsidinten by it wenhûs fan minister Van der Wal is it ekstra Keamerdebat oanfrege troch GrienLinks en de Partij voor de Dieren. Klaver en Ouwehand roppe dêrfoar premier Rutte en minister Yesilgöz fan Justysje nei de Twadde Keamer.

Partijgenoat Tjeerd de Groot bedrige

Paternotte hat fan tichtby meimakke dat syn partijgenoat Tjeerd de Groot fan Wâldsein bedrige wurdt. By De Groot syn hûs waarden trekkers sinjalearre doe't it Keamerlid sels net thús wie. By in kuier troch Den Haag waard De Jong beselskippe troch mar leafst fjouwer befeiligers.
"Dat heeft enorme impact op mensen, dat moet je niet onderschatten. Ik vind het waardeloos dat er politici zijn die thuis moeten uitkijken op een politiepost."
"Nederland is voor mij het land waar je de premier ziet fietsen en waar je gewoon met elkaar in gesprek gaat. Wat mij betreft moeten we zo snel mogelijk terug naar dat Nederland."

'Ferbod op demonstraasjes by wenhuzen'

Paternotte kin him dan ek goed foarstelle dat der in ferbod komt foar demonstraasjes en oare aksjes by wenhuzen fan politisy.
Lykas ferskate oare politisy hat Paternotte gjin geduld mear mei hurdere boere-aksjes: "Het wordt hoog tijd dat het ophoudt, zeker als ik hoor dat er gedreigd wordt met het platleggen van het land."
Jan Paternotte: "Ik wil de politie helpen."
Paternotte hat de yndruk dat ek oare ekstreme groepen, lykas antivaxxers, harren mei de boere-protesten bemuoie. "Ik heb ook al spandoeken gezien tegen Hugo de Jonge. Die gaan over van alles, maar niet over stikstof."

"Gjin frijbrief foar blokkades"

Paternotte hat ek prinsipjele beswieren tsjin de hurdere boere-aksjes. "Ik snap de zorgen die veel boeren hebben. Maar dat is geen vrijbrief voor het blokkeren van snelwegen en andere acties waar burgers last van hebben. Boeren moeten zich aan dezelfde regels houden als iedereen."
Hy heakket deroan ta dat in dúdlike mearderheid fan de Twadde Keamer de stikstofoanpak fan minister Van der Wal stipet. "Beslissingen worden genomen door de volksvertegenwoordiging, niet door een minderheid van extreme boeren op straat of op de snelweg."