FIDEO: Ljouwerter gemeenteried komt byinoar tusken de beammen

Gemeenteried Ljouwert komt gear yn Bosk op plein foar stedhûs © Omrop Fryslân. Lennard Geerts
It is ris in kear wat oars. De gemeente Ljouwert hâldt in riedsgearkomste yn it bosk. De gemeenteried komt bûtendoar gear tusken de beammen fan it projekt Bosk.
It tichte grien fan it keunstprojekt stiet yn grutte bakken tydlik foar it stedhûs oan it Hofplein. De riedsleden prate op de gearkomste oer it tema 'takomsttinken'.
FIDEO: Ljouwerter gemeenteried komt byinoar tusken de beammen