50 jier nei de wynhoas: "Arm jong, je moest eens weten wat jou is overkomen"

Guus Manche © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
De wynhoas op It Amelân op 11 augustus 1972 is ien fan de swiersten dy't ús lân ea troffen hat. Yn fjouwer ferhalen sjocht Omrop Fryslân dizze wike werom op dat drama. Diel 2: de helikopterpiloat dy't tsientallen ferwûnen nei de fêste wal brocht.
Guus Manche fan Goutum is no 85 jier. Doe't de wynhoas oer It Amelân raasde, hie hy tsjinst as helikopterpiloat yn Soesterberg. Yn de rin fan de moarn kaam der in alarmearjend berjocht:
"Een windhoos op Ameland had veel slachtoffers gemaakt", fertelt Manche. "We wisten niet wat we konden verwachten. Dat het groot was, was wel duidelijk."
Guus Manche oer de wynhoas
Manche wie op dat stuit al in skoftsje piloat op de Alouette 3. De helikopter fan Manche koe frij rap de loft yn, mar der wie ien probleem:
"Er waren heel veel helikopters nodig. Het was zomervakantie en veel vliegers waren vrij. Ik heb daarom snel bij andere squadrons piloten weggeplukt. Ze hadden nog nooit op een SAR-helikopter gevlogen."
Manche leit harren gau wat saken út en dêrnei fleane de Alouette's rjochting It Amelân.
FryslânDOK: Deadlike Wynhoas, 50 jier nei de ramp op It Amelân
Omrop Fryslân sjocht dizze wike wiidweidich werom op it dramatyske barren op 11 augustus 1972. Sneon 2 en snein 3 july is op Omrop Fryslân en op NPO 2 de dokumintêre Deadlike Wynhoas, 50 jier nei de ramp op It Amelân te sjen.
Op omropfryslan.nl en op de omrop-app is fjouwer dagen op rige - fan woansdei 29 juny oant sneon 2 july - in artikel te finen mei belutsenen dy't weromsjogge op de ramp.
Oankaam boppe it eilân die bliken dat it dreech wie foar de helikopterpiloaten om in lâningsplak te finen. De dunen binne net flak genôch.
Op it fleanfjild en in stik gers by ien fan de skoallen op it eilân koene se wol delstrike. De ferwûne slachtoffers waarden dêrhinne brocht.
Ien gefal sil Manche nea mear ferjitte. "Een Duits jongetje van 7 jaar had zijn beide benen verbrijzeld. Hij zat onder de morfine om de pijn te stillen."
"Tijdens de vlucht kwam hij weer bij bewustzijn en kwam hij overeind uit de brancard. Opeens stak z'n koppie boven de stoelen uit. Hij voelde niets vanwege de morfine en keek vrolijk de cockpit rond. Toen dacht ik: arm jong, je moest eens weten wat jou is overkomen."
Guus Manche mei de crew fan de SAR-helikopter © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Fyftich jier letter fine de minsken dy't no op de SAR-helikopters fleane, it tiid dat Manche wer yn in helikopter stapt. In grutte giele rêdingshelikopter is stasjonearre yn Den Helder. Oan board gean kameraman Jorrit Meinsma, en de crew fan de SAR-helikopter fan helikopterbedriuw NHV Group.
As Manche yn de helikopter sit en troch it rútsje It Amelân sjocht, komt him in ferhaal yn it sin:
"Ik weet nog dat een van de gewonden behoorlijk veel bloed verloor. Omdat de helikopter wat scheef hangt als je vliegt, stroomde het bloed onder de stoelen door naar mij toe."
"Ik weet nog dat ik dacht: nu even niet naar beneden kijken en goed de kop erbij houden'. Je moet niet je bewustzijn verliezen, hè."