Grutte syktocht op Pikmar: 'fermiste' swimmer wie al thús

De helptsjinsten by de Pikmar © CAMJO media
De plysje en brânwacht binne tongersdeitemiddei manmachtich útiden foar in mooglik fermiste swimmer yn de Pikmar by Grou. Minsken hiene de man sjoen, mar doe't se him even letter út it each ferlern wiene, ha se de helptsjinsten ynskeakelje.
Nei in lyts oere die lykwols bliken dat de 'fermiste' swimmer al wer thús siet. Fan de kant ôf waard troch in bewenner fan it doarp meld dat it nei alle gedachten om in bekende gie dy't wol faker oan it swimmen is. Dêrop waard der kontakt mei de man socht.
Nei in pear telefoantsjes belle de man werom en koe er melde dat er yndied oan it swimmen wie en ek alwer op de wâl wie.
De brânwacht gie der al fanút dat it om in swimmer mei ûnderfining gie, omdat er yn de farrûte fan it Prinses Margrietkanaal swom.
Foar de wissichheid wiene se wol in syktocht start. It farferkear waard tydlik stillein.