Reekmelders fan freed ôf ferplicht: op elke ferdjipping ien

© ANP
Reekmelders binne fan freed 1 july ôf wetlik ferplichte yn alle huzen en op alle ferdjippingen. Sjouke Heeres fan it Harnzer brânfeilichheidbedriuw Vecened fertelt wêr'tst om tinke moatst.
Reekmelders fan freed ôf ferplicht: op elke ferdjipping ien
Wêrom wurde reekmelders ferplichte?
"Foar it grutste part dogge je it foar josels, foar de eigen feiligens. It is foar elkenien de eigen ferantwurding. Ast gjin reekmelders hast en der bart wat, dan bist sels ek ferantwurdlik."
"Mar úteinlik sil de fersekering der ek wat fan fine, en de gemeente ek."
Wat no as je it net dogge, kinne je dan bygelyks in boete krije?
"Net fuortendaliks. Der komt gjin aktive kontrôle op it hingjen hawwen fan reekmelders. Gemeenten kinne wol delkomme om te kontrolearjen. Dat sil wat aktiver by de bedriuwen wêze. By harren sit der ek wat mear ferplichting by."
"Der kinne boetes útskreaun wurde. Dat sil mear by de ferhierders wêze as by partikuliere wenningeigeners."
Binne de reekmelders by jimme noch oan te slepen?
"Wy hawwe mear oanfragen. We hawwe it idee dat mear minsken der aktyf mei dwaande binne. Mar we kinne net sizze dat it echt hiel bot stoarm rint mei de reekmelders."
VeCeNed Harns © Omrop Fryslân
Hoe kin dat?
"Ik tink dat in soad minsken noch net witte dat it in ferplichting is en wat de gefolgen binne as se gjin reekmelders hawwe. Miskien hawwe se der te min oer lêzen."
Jim binne spesjalisearre yn reekmelders, hokker moatte je no keapje?
"Yn prinsipe binne alle reekmelders yn Nederlân goed. Oars meie se hjir net ferkocht wurde."
Wat binne de tips foar minsken dy't sels in reekmelder ophingje?
"Hingje se sa sintraal mooglik op. Foar it bêste effekt moatst him 50 sintimeter út in hoeke, nok of fan de muorre ôf hingje. En op elke etaazje moat der ien komme. En hingje yn in ferbliuwsromte dêr't in flechtrûte trochhinne rint, ek in reekmelder op."
En watfoar gefolgen hat it foar smokers?
"Smokers hoege harren net drok te meitsjen, want de melder sil net ôfgean by in sigaretsje of sigaarke."