NHL Stenden ûndersiket gefolgen fan toerisme op Súdpoal

Undersyk op Antarktika © NHL Stenden
Wat binne de gefolgen fan toerisme op Antarktika en hoe makkest dêr belied foar? Undersikers fan de Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden dogge de kommende fjouwer jier ûndersyk nei de takomst fan toerisme op Antarktika.
It projekt ADAPT, dat him rjochtet op duorsum toerisme yn beskerme gebieten, hat fan de Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek (NWO) 1 miljoen euro oan subsydzje krigen.
It is neffens Stefan Hartman fan NHL Stenden, unyk dat in hegeskoalle sa'n subsydzje krijt. Hartman is haad fan it European Tourism Futures Institute, in ûnderdiel fan de hegeskoalle.

Tûk kieze

"We zijn trots dat we met onze unieke expertise op het gebied van scenarioplanning het continent kunnen helpen om vroegtijdig slimme keuzes te maken die positief bijdragen aan het toerisme", seit er.
It ûndersyk is neffens Hartman nedich omdat de toerismebrânsj hurd groeit en op guon plakken tige hurd. It giet dêrby yn guon gefallen om kwetsbere natuer, kultuerhistoarje en mienskippen.

100.000 toeristen

Nederlanners steane yn de top tsien fan besikers oan Antarktika. Yn 2019, it jier foar de coronapandemy, krige de Súdpoal besite fan 75.000 toeristen. Foar it kommende seizoen wurde der mear as 100.000 minsken op it kâldste kontinint fan de wrâld ferwachte.
"Welke veranderingen en ontwikkelingen kunnen op Antarctica afkomen?", seit Hartman as ien fan de ûndersyksfragen. "Het doel is om mogelijke beleidspaden in kaart te brengen, waarmee betrokken publieke en private partijen hun strategie kunnen bepalen."

Pinguins, kajakke en kuierje

Fakânsjegongers komme nei de Súdpoal om nei pinguins te sjen, om te kajakken tusken iisskossen en om te kuierjen oer iisflakten. It kuierjen mei allinnich ûnder lieding fan in gids, mar de gefolgen foar de natuer, erfgoed en wittenskip binne ûndúdlik.
De resultaten fan it ûndersyk kinne ek tapast wurde yn oare beskerme gebieten, lykas UNESCO wrâlderfgoedlokaasjes.
De Wageningen Universiteit, Ryksuniversiteit Grins en Tilburg Universiteit krije ek subsydzjes foar ûndersyk op Antarktika.