Britsumer nimt flechtlingen WTC-hal Ljouwert mei foar útstapkes
Hoe soe ik my fiele as ik fan thús flechtsje moast en telâne komme soe yn Syrië? Dat freget Klaas Hoekstra fan Britsum him geregeld ôf. Neffens him is kontakt tige wichtich en dêrom giet er alle wiken mei flechtlingen út de needopfang yn Ljouwert op 'en paad.
Hoekstra is in Cambuurfan yn ieren en sinen. Koartlyn seach er by de bou fan it nije stadion, njonken it WTC. Dêr rekke er oan de praat mei Mohammed út Syrië.
Dy fertelde hoe't er hjir kaam wie en wêrom. En dat ynteressearret Hoekstra. Hy freget him altyd ôf hoe't er him sels fiele soe yn dy situaasje. Hy tinkt dat hy it geweldich fine soe as minsken efkes in praatsje mei him meitsje soene.
Dochs docht Klaas mear as mei minsken prate. Sûnt koart nimt er Mohammed mei syn frou Mary alle wiken mei nei typysk Fryske plakken. Sa hawwe se alris by it fierljeppen en keatsen te sjen west.
Dizze wike hawwe se by de Snitser Mar west. Dêrmei hopet er harren, nettsjinsteande de omstannichheden dêr't se yn ferkeare, útsjoch te jaan. Utsjoch op in takomst dy't der better út komt te sjen. En hy wol harren ek helpe dizze perioade troch te kommen.
Klaas helpt te yntegrearjen
It inisjatyf fan Klaas soarget foar in soad tankberens by Mohammed en syn frou. Hy helpt harren bot troch harren it echte Fryslân sjen te litten, sadat se net allinnich mar yn de needopfang sitte.
Troch dit te dwaan helpt Klaas de flechtlingen ek om te yntegrearjen yn de maatskippij. Mohammed en Mary binne him hiel tankber.