Minder melkfeehâlders, mar mear megastâlen yn Fryslân

© ANP
It tal megastâlen is de lêste jierren groeid, sawol lanlik as yn Fryslân. Yn ús provinsje is it totale tal melkfeehâlders krekt weromrûn.
Yn 2017 stienen der noch 2.788 melkfeebedriuwen yn Fryslân, dat binne der no noch 2.455. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Wageningen Universiteit yn opdracht fan Wakker Dier, in stichting dy't him ynset foar bistewolwêzen.
Der binne wol mear megastâlen as fjouwer jier lyn. Yn Fryslân steane der 145. Dat giet yn 137 gefallen om in melkfeemegastâl. Yn gjin inkelde oare provinsje steane der mear.

Fan 115 nei 145

By de foarige ynventarisaasje, yn 2017, hie Fryslân noch 115 megastâlen. Fryslân is gjin útsûndering: yn tsien fan de tolve provinsjes is it tal megastâlen tanaam.
Yn ferliking mei 2010 is it tal megastâlen yn Fryslân sels ferdûbele. Doe wienen it der noch 72.

21 miljoen bisten yn megastâl

Ien op de fiif bisten yn Nederlân libbe op 1 april 2021 yn in megastâl. Dat giet om hast 21 miljoen bisten.
Fan in megastâl is sprake as in feehâlder op ien lokaasje mear bisten hâldt as 250 melkkij, 7.500 fleisbargen, 1.200 sûchbargen, 120.000 lishinnen, 220.000 fleispiken, 2.500 fleiskeallen of 1.500 geiten.
Neffens Wakker Dier giet de groei fan it tal megastâlen yn tsjin de winsk fan de oerheid. It ministearje fan Lânbou wol dat Nederlân yn 2030 "koploper in kringlooplandbouw" is.
Wakker Dier seit ek dat megastâlen de risiko's foar bisten ferheegje. By brân of sykte, lykas fûgelgryp, treft it yn ien kear in hiel soad bisten. Boppedat, sa stelt Wakker Dier, drage megastâlen deroan by dat der minder boeren binne en dêrnjonken is der minder omtinken foar yndividuele bisten.