Eardere eigener supermerken (64) skriuwt skiednisskripsje yn it Frysk
RUG-studint Jan de Vries (64) hat syn bachelorskripsje foar de stúdzje Skiednis yn it Frysk skreaun, en dat is in unikum. Om de skripsje yn it Frysk skriuwe te meien, moat apart in oanfraach dien wurde by de eksamenkommisje fan de universiteit.
Syn begelieder dr. Joop Koopmans wie entûsjast oer it idee, mar de eksamenkommisje moast der noch wol efkes oer fergaderje, oft dat wol koe: in skiednisskripsje yn it Frysk.
Doe't bliken die dat it praktysk te regeljen wie, kaam it goed. Sawol begelieder Koopmans as de twadde lêzer koene Frysk lêze. De Vries hat syn bachelor no binnen. Syn skripsje hat in hege beoardieling krige.
Supermerken
Jan de Vries wie yn it ferline eigener fan supermerken yn Akkrum, Koudum, Balk en Drylts. Hy is no 64 jier, mei pensjoen en studearret skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins.
Doe't er in skripsje skriuwe moast foar de bachelor, like it De Vries in moai idee om dat yn it Frysk te dwaan. It slút ek moai oan by it ûnderwerp dêr't er oer skriuwt. "Ik tocht: dit kin likegoed yn it Frysk."
Fabels
Syn ûndersyk giet oer de kronyk fan Andreas Cornelius van Staveren út 1597, better bekend as de kronyk fan Ocke Scharlensis. It is in âld, mysterieus boek mei allerhanne fabels. "Dy fabels binne de bûtenkant. Der sit in oar ferhaal ûnder, sa haw ik útfûn", fertelt De Vries. Dat ferhaal, dy twadde laach, is bedutsen mei "de mantel fan de skiednis".
"It giet oer dingen dy't echt bard binne. Dat is it skiedkundige aspekt oan de saak. Mar it is 'bemantele skiednis' en der sit ek wol wat literêrs oan."
Ferfolch
It ûndersyk sil grif in ferfolch krije. De Vries giet yn alle gefallen fierder mei syn master. Dit ûnderwerp moat mar krekt passe yn de master en oars docht er it miskien yn syn frije tiid. De Vries hat foar syn bachelorskripsje mar in hantsjefol ferhalen fan de kronyk ûndersocht. Der binne folle mear, seit er.