Halsema wol prate mei Dokkumer dy't har bedrige ha soe

Femke Halsema, boargemaster fan Amsterdam © ANP
De Dokkumer dy't derfan fertocht wurdt dat er boargemaster Femke Halsema fan Amsterdam bedrige hat, hoecht dochs net foar de plysjerjochter te ferskinen. It Iepenbier Ministearje hat de saak ynlutsen, omdat Halsema yn petear wol.
De man út Dokkum is ien fan de trije manlju dy't fertocht wurde fan bedriging. Se soenen tongersdei en takom wike terjochte stean, mar sy binne sels ek ree ta in petear mei de boargemaster.
Neffens it Iepenbier Ministearje wurde de útkomsten fan de petearen meinaam by it nimmen fan in definityf beslút oer hoe't de saak ôfdien wurde moat.
De bedrigingen kamen nei it beslút dat de kampioenshuldiging fan Ajax in moanne lyn net op it Museumplein plakfine mocht. Halsema krige allegear (deads)bedrigingen.
Se die oanjefte en de plysje arrestearre trije minsken, út Den Bosch, Hollands Kroon en dus Dokkum. De plysje slút net út dat der mear oanhâldingen folgje.