Wiebe Wieling nije kommissaris Omrop Fryslân

Wiebe Wieling © Eigen foto
Wiebe Wieling komt mei yngong fan 1 septimber yn de Ried fan Kommissarissen fan Omrop Fryslân. Hy wurdt de opfolger fan Ger Jaarsma.
Jaarsma syn termyn sit der hast op. Saakje Mulder nimt syn foarsitterskip fan de Ried fan Kommissarissen (RfK) oer.
Wieling (1955, Hurdegaryp) follet de polityk-bestjoerlike portefúlje yn de RfK yn. Hy nimt in soad bestjoerlike en tafersjochhâldende ûnderfining mei.

Underwiis, GGZ en LF2018

Sa hat Wieling bestjoerder west by hegeskoalle Van Hall Larenstein en Hanzehogeschool Groningen, en foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan OVO Fryslân-Noord. Dêrnjonken wie er aktyf yn de Ried fan Tafersjoch fan GGZ Friesland en as foarsitter fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018.
Wieling is sûnt 2006 foarsitter fan de Keninklike Feriening De Friesche Elf Steden.
Saakje Mulder is wiis mei de oankommende beneaming fan Wieling: "Hy hat in brede ûnderfining dy't oanslút by wat de Omrop nedich hat. Ek mei syn grutte netwurk fersterket hy de Ried fan Kommissarissen. Wy sjogge dan ek tige út nei de takomstige gearwurking."
Middenyn de mienskip en tige wichtich foar de Fryske taal en kultuer, dêr set ik my graach foar yn.
Wiebe Wieling
Wieling sels is ynnommen dat de kar op him fallen is: "Ik wol graach wat betsjutte foar in prachtich ynstitút as Omrop Fryslân. Middenyn de mienskip en tige wichtich foar de Fryske taal en kultuer, dêr set ik my graach foar yn."
Ger Jaarsma nimt nei tolve jier ôfskie fan de Ried fan Kommissarissen en wurdt opfolge as foarsitter troch Saakje Mulder, dy't al fjouwer jier aktyf is yn de RfK. Yn de Ried hawwe ek Gerrit Hiemstra, Lian Nijenhuis en Edwin Meijer in sit.