Wiebe Wieling nije kommissaris Omrop Fryslân

Wiebe Wieling © Eigen foto
De Ried fan Kommissarissen (RfK) fan Stichting Omrop Fryslân hat besletten Wiebe Wieling (1955) út Hurdegaryp te beneamen ta nije kommissaris. Hy folget mei yngong fan 1 septimber 2022 Ger Jaarsma op, dy't de ein fan syn termyn yn de RfK berikt hat.
Wieling follet dêrmei de polityk-bestjoerlike portefúlje yn. Saakje Mulder nimt it foarsitterskip fan de RfK oer fan Ger Jaarsma.
Wiebe Wieling nimt in soad bestjoerlike en tafersjochhâldende ûnderfining mei. Hy hat bestjoerder west by Hegeskoalle Van Hall Larenstein en Hanzehogeschool Groningen, en foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan OVO Fryslân-Noord.
Dêrnjonken wie hy aktyf yn de Ried fan Tafersjoch fan GGZ Friesland en as foarsitter fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018. Hy is sûnt 2006 foarsitter fan de Keninklike Feriening "De Friesche Elf Steden".
Saakje Mulder is wiis mei de oankommende beneaming fan Wieling: "Hy hat in brede ûnderfining dy't oanslút by wat de Omrop nedich hat. Ek mei syn grutte netwurk fersterket hy de Ried fan Kommissarissen. Wy sjogge dan ek tige út nei de takomstige gearwurking."
Wieling sels is ynnommen dat de kar op him fallen is: "Ik wol graach wat betsjutte foar in prachtich ynstitút as Omrop Fryslân. Middenyn de mienskip en tige wichtich foar de Fryske taal en kultuer, dêr set ik my graach foar yn."
Ger Jaarsma nimt nei 12 jier ôfskie fan de Ried fan Kommissarissen en wurdt opfolge as foarsitter troch Saakje Mulder, dy't al 4 jier aktyf is yn de RfK. Yn de Ried hawwe ek Gerrit Hiemstra, Lian Nijenhuis en Edwin Meijer in sit.
Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Jitske de Hoop (beliedsadviseur Fryske taal & kultuer): 058 299 77 17.
It folsleine parseberjocht is hjir te downloaden.