Súdwest-Fryslân heakket dochs wer oan by Empatec: mear stjoer en transparânsje

Meiwurkers fan Empatec © Omrop Fryslân
It nije kolleezje fan Súdwest-Fryslân kiest derfoar om troch te gean mei it sosjaal lear-wurkbedriuw Empatec. Wethâlder Marianne Poelman fan de PvdA seit dat se de gearwurking in nije kâns jaan wol.
It kolleezje tinkt dêrby oan nije ôfspraken yn de gearwurking mei de trije oare gemeenten dy't ek meidogge yn Empatec: De Fryske Marren, Waadhoeke en Harns. Fierder wol it kolleezje mear transparânsje.
Dat is in koerswiziging yn it belied fan de gemeente. De foarige ried wie net tefreden oer de gearwurking en it belied by Empatec. Der hat in riedsenkête west, en it like derop dat de gemeente fan Empatec ôf woe.
De nije koälysje nimt dêr no ôfstân fan en sjocht in goed takomstperspektyf foar it bedriuw en de gearwurking.

Juridysk ûnmooglik of te djoer

It is in technysk yngewikkeld ferhaal, seit wethâlder Poelman. "Een van de aanbevelingen na de raadsenquête was het opheffen van Empatec. We kwamen er al heel snel achter dat het niet juridisch mogelijk is om dat zelfstandig te doen, daar hebben we andere gemeentes bij nodig."
In oare opsje wie om as Súdwest-Fryslân sels út de gearwurking te stappen. "Dat was juridisch wel mogelijk, maar daar zitten ontzettend veel kosten aan. Als Súdwest-Fryslân moesten we dan 4,5 miljoen betalen aan uittredingskosten. Tel daar de transitie en exploitatie bij op, dan kom je zo rond de 8 miljoen uit. Dat hebben we niet."

Stjoer en transparânsje

It doel is no om mear stjoer te krijen oer Empatec. "We moeten de vernieuwde samenwerking zo inrichten dat we drie gewenste effecten krijgen: dat het resultaat controleerbaar is, dat je mag sturen als gemeente en dat je weet wat er gebeurt."
De 'mienskiplike regeling' - de ûnderlinge ôfspraken tusken de gemeenten - moatte dêrfoar oanpast wurde. Poelman jout in foarbyld: "Mijn collega-wethouder Henk de Boer van financiën gaat nu ook meedoen. Dat was voorheen niet zo."
De gemeenten stekke alle jierren jild yn Empatec, mar Poelman fynt it relatyf tafallen. "Dit is een rijksregeling die voor een groot deel in Den Haag bekostigd wordt. Daaruit krijgt Empatec zo'n 23 miljoen euro per jaar. Als gemeentes leggen wij daar 1,8 miljoen bij. Je moet dus naar de verhouding kijken."

Wer grutsk wurde

Boppedat tsjinnet it in doel: gemeenten helpe meiwurkers dy't net foar de folle 100 prosint yn de reguliere arbeidsmerk oan de slach kinne. "Dat kost geld, dat klopt. Empatec was een organisatie waar we trots op waren, daar moeten we naar terug."
Dat sil net hiel gau klear wêze. Poelman is noch mar in pear wiken wethâlder, dus fynt it ek dreech om yn te skatten. "Maar ik denk dat we zeker een jaar nodig hebben om de rimpels uit de vijver weer strak te trekken."