Dûmny moat lilke boer harkjend ear biede

In Frysk boerebedriuw protestearret tsjin it stikstofbelied fan it kabinet © ANP
Fryske tsjerken wolle graach in harkjend ear biede oan lilke boeren. De boereprotesten om it stikstofbelied ferhurdzje yn rap tempo en dat moat ophâlde, fynt de wurkgroep Kerken en Landbouw Fryslân. "Boeren moatte minsken ha dy't se fertrouwe."
De tsjerken hoopje in rol te spyljen yn it oplossen fan de frustraasjes ûnder de boeren. "In dûmny sil ek net fuort in oplossing ha, mar dat hoecht ek net", seit Douwe Hiemstra, foarsitter fan de wurkgroep. "In praatsje kin foar wat ferromming soargje."
Boeren steane net sa gau by de predikant op de stoepe, seit Hiemstra, dy't ek gemeenteriedslid is foar it CDA yn Smellingerlân. "Boeren moatte ien ha by wa't se har ferhaal kwyt kinne en dy't net fuort wat fan se wolle."

Frijbliuwend prate

Der binne wol guon mei wa't boeren prate kinne, mar dat is noait hielendal frijbliuwend, neffens Hiemstra. "In fuorkeapman, in meganisaasjeman, in feedokter. Dy moatte allegear wat fan de boer, of oarsom. In dûmny kin sa by in boer it hiem op fytse."
Hiemstra tinkt dat boeren al langer ferlet ha fan sa'n praatsje, net pas sûnt de stikstofproblematyk. "Hieltyd mear boeren wurkje allinnich. Earder hiest bedriuwen dat de hiele famylje meiwurke, mar no binne se hiele dagen allinnich. En as je dan de hiele dei stikstofferhalen hearre, dan rinne je fêst."
Mei-inoar ha we de opdracht om op de ierde te passen.
Douwe Hiemstra
Yn in brief ropt de wurkgroep dûmnys op om 'net allinnich by de eigen skiepkes' del te fytsen, mar ek ris by minsken dy't net yn it tsjerke komme. "Mei-inoar foarmje we de mienskip. Mei-inoar ha we de opdracht om op de ierde te passen."
Hiemstra warskôget ek om net allinnich boeren oan te sjen op de stikstofproblematyk yn de lânbou. "We konsumearje sa'n soad mei ús allen, we wolle noait in stapke werom. Dat hat alles opjage."

Hieltyd grutter

"Earder koe in boer noch in ynkommen ha mei 500 oant 600 aaien en in pear kij. Mar dêr fertsjinje se hieltyd minder oan, dus moasten se grutter wurde."
Under de boeren is de ûnttsjerkliking in skoft lyn ek begûn. Dy bân tusken boeren en tsjerken is minder sterk, seit Hiemstra. "Mar se steane noch wol ticht by it leauwen, allinnich yn in oare foarm. Se fiele wol de ferbining tusken de grûn, de ierde en it leauwen."