Fjoerwurk ûntploft by wenning op It Hearrenfean, soad skea

It appartemintekompleks dêr't de ûntploffing wie © Noordernieuws
In part fan in appartemintekompleks oan it Van Harenspad op It Hearrenfean is fan 'e moarn betiid ûntromme nei in ûntploffing. Dêrby is gjinien ferwûne rekke.
In wurdfierder fan wenningkorporaasje Accolade meldt dat de ûntploffing feroarsake is troch in stik fjoerwurk by ien fan de wenningen. "Daarbij is enorm veel schade ontstaan. De voordeur van de woning is ontzet, een raam van de lift is stuk, net als meerdere systeemplafonds en nog een andere deur."
De bewenner fan de wenning wie op it stuit fan de eksploazje net thús. "Inmiddels is de bewoner wel op de hoogte gebracht. De schrik is enorm."

Wenningen tydlik ûntromme

De ûntploffing wie om 2.40 oere. Dernei is de plysje úteinset mei buertûndersyk en is der praat mei tsjûgen om derachter te kommen wat der krekt gebeurd is. Inkelde wenningen wiene ûntromme.
Fjoerwurk ûntploft by wenning op It Hearrenfean, soad skea
Omdat der oan de oare wenningen gjin skea wie, koenen dy bewenners al frij gau wer nei hûs ta.

Mooglik bewust dellein

Yn in ferklearring seit de plysje dat it nei alle gedachten giet om in stik "zeer zwaar stuk vuurwerk".
De plysje hâldt der rekken mei dat it fjoerwurk dêr bewust dellein is. "Uit onderzoek moet nog blijken wat hiervoor de reden was. Het is niet uitgesloten dat er meerdere personen betrokken waren bij het incident."
Tsjûgen dy't wat fertochts heard hawwe of dy't kamerabylden hawwe, wurde oproppen har te melden.