Skipfeart boppe Waadeilannen krijt ferkearsbegelieding

In kontenerskip © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Der komt aktive ferkearsbegelieding foar alle skipfeart yn de Noardsee boppe de Waadeilannen. Dat skriuwt minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat woansdei oan de Twadde Keamer.
Oanlieding is de kontenerramp mei de MSC Zoe begjin 2019 wêrby't 342 konteners yn see bedarren. In part dêrfan spielde oan op de Waadeilannen en in oar part is út de see fiske.

'Hiel gefoelich seegebiet'

De minister seit sa te foldwaan oan de oanbefelling fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid om de status fan it Waad as 'hiel gefoelich seegebiet' te brûken. Oer de saneamde 'Vessel Traffic Service VTS' (in tsjinst om de skipfeart te koördinearjen) dy't der no komt, is oerlein mei Dútslân, Denemarken, de Rykshavenmasters, Rykswettersteat en de Kustwacht.
Skipfeart boppe Waadeilannen krijt ferkearsbegelieding
De Rykshavenmaster fan Den Helder docht de útfiering, mar it duorret noch wol trije jier foardat it sa fier is. Dit komt omdat der in soad wetjouwing oanpast wurde moat en der ek personiel en apparatuer foar nedich is. De ferkearsbegelieding docht syn wurk kontinu en ûnôfhinklik fan it waar; it is der altyd.
Frijwilligers en militêren romje it strân fan Skiermûntseach op © Omrop Fryslân/Remco de Vries
De wize wêrop't it daliks wurket, is itselde as yn oare Europeeske lannen. De skipfeart boppe it Waad krijt ynformaasje en advys oer de ferkearstreamen yn de soalen, mar ek oer saken dy't fan ynfloed binne op de koers fan in skip, lykas it waar, weagen en wêr't oare skippen farre.
Dêrnjonken is der in soad omtinken foar de beskerming fan natuer en miljeu.
Skippen op de súdlike farrûte boppe de Waadeilannen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dielnimming oan de ferkearsbegelieding is frijwillich omdat je soks net ferplichtsje kinne yn ynternasjonale wetters, mar yn de praktyk docht eins eltsenien mei. Meastentiids betsjut soks dat skippen oan de begelieding witte litte dat sy it gebiet ynfarre wêrnei't sy ynformaasje of advys krije kinne.
Oant en mei it momint dat dit systeem ek echt wurket, giet de kustwacht troch mei it warskôgjen fan kontenerskippen by min waar. Ald-boargemaster Albert de Hoop fan Amelân striidt hjir al fyftjin jier foar en it ministearje sei hieltyd dat it net koe. "En nu toch, fantastisch", reagearret De Hoop.
Dit is ontzettend belangrijk voor veilige scheepvaart.
Ellen Kuipers (Waadferiening)
Ek Ellen Kuipers fan de Waadferiening is der hiel bliid mei. Sy wurket ek al jierren oan it skjin hâlden fan de Waadsee. "Dit is ontzettend belangrijk voor veilige scheepvaart. Kapiteins krijgen straks allerlei informatie waarmee ze beter beslissingen kunnen nemen."
"We zijn hier al zo lang voor aan het strijden, we gaan vanmiddag echt wel even een feestje bouwen."
Wat Kuipers oanbelanget is dit in hiel grutte stap, mar se seit ek dat it gjin garânsjes biedt. "Stel dat er toch iets gebeurt, dan moeten we goed voorbereid zijn om allerlei rommel uit zee te halen. In 2019 hebben de vrijwilligers het verschil gemaakt. Zij willen nu graag samenwerken met de Veiligheidsregio en Rijkswaterstaat, maar er is nog niet geoefend. Dat baart nog wel grote zorgen."
Ellen Kuipers fan de Waadferiening reagearret op it nijs
Njonken de ferkearsbegelieding binne der ek noch oare saken dy't better kinne. Der lizze no twa nije rapporten oer hokfoar beheinings hege weagen opsmite foar kontenerskippen en Dútslân komt yn july ek mei de útkomsten fan in eigen ûndersyk.
Beide lannen oerlizze yn augustus mei Denemarken oft soks noch gefolgen ha moat foar hoe't de farrûtes brûkt wurde. Ek rinne der noch aksjes by de ynternasjonale skipfeart autoriteit IMO en komt der in foarm fan 'passive' ferkearsbegelieding by wynparken.