Kandidaat-wethâlder Eaststellingwerf lûkt him werom fanwegen yntegriteitsrisiko

Ried Eaststellingwerf © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Peter Kraak (CDA) hat him weromlutsen as kandidaat-wethâlder yn it nije kolleezje fan Eaststellingwerf. Kraak wie benaud foar diskusje oer syn yntegriteit. Hy is nammentlik ek plomfeehâlder.
Neffens him is in baan as wethâlder net te kombinearjen mei it lieden fan syn bedriuw. It CDA komt ynkoarten mei in ferfanger.
De fjouwer oare kandidaat-wethâlders binne Esther Verhagen (Ooststellingwerfs Belang), Gerben But (GroenLinks), Jelke Nijboer (PvdA) en Jan van Weperen (VVD).