Fryske wetterkwaliteit goed, mar by plezierfeart en boeren kin it better

Swimwetter yn De Groene Ster by Ljouwert © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It wetter yn Fryslân is dizze simmer fan goeie kwaliteit. Dat seit Wetterskip Fryslân. By de boeren en de plezierfeart falt der noch wol winst te beheljen.
De simmer is begûn, dus minsken wolle it wetter wer op en yn. Wetterskip Fryslân is drok dwaande mei it kontrolearjen fan it wetter, op bygelyks blau-alch.
Op dit stuit sjocht it der goed út, seit Otto van der Galiën fan it deistich bestjoer: "We hawwe de ôfrûne dagen fansels bêst wol wat rein hân. Dan spielt it himsels wol wer skjin. Mar bliuwt it langer waarm, dan sjochst wol dat op guon plakken blau-alch ûntstiet."
Fryske wetterkwaliteit is goed
Natoergebiet De Griene Stjer yn Ljouwert wie in gebiet dat bot lêst hie fan blau-alch. "Hjir hawwe wy aardich ynvestearre om dat foar te kommen", seit Van der Galiën, "It wetter spiele wy no eltse moanne troch. No hawwe wy eins gjin problemen mei blau-alch hjir."
"Dit soarte maatregels kinne net op alle plakken. Op oare plakken hawwe wy bygelyks in protte lêst fan de poep fan guozzen. Dat romje de gemeenten op. Sels moast ek net mear yn it wetter pisje en poepe en gjin rommel yn it wetter lizze litte."
Yn de plezierfeartsektor moat der noch wol wat barre, seit Van der Galiën
De sektor dêr't noch in soad feroarje moat, is de plezierfeart. Van der Galiën: "Smoarchwettertanks fan boaten moatte net mear yn it wetter lege wurde. Dat komt dan ek terjochte op de swimwetterlokaasjes." It Wetterskip is dwaande mei de provinsje, De Marrekrite en gemeenten om dit oan te pakken.

Ynsammelpunten mei ûngemakken

"Der binne in protte ynsammelpunten, mar dy wurkje net allegear goed. Se binne somtiden mar beheind iepen, binne stikken of minsken moatte dêr te folle jild foar betelje", seit Van der Galien.
"Wy hawwe no wer in brief stjoerd om gemeenten derop te wizen. Yn prinsipe hawwe wy it goed foar inoar, allinnich is de praktyk wjerstribbiger."
Otto van der Galiën fan it deistich bestjoer Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân
It Wetterskip kriget út de lanlike polityk wei hânfetten om better by toeristen te hanthavenjen: "Wy kinne no allinnich minsken beboetsje as wy se op 'e die betraapje. Mar ús hanthaveners kinne net samar by plezierfarders oan board. Der moat ynkoarten in fersegele tank oan board wêze, as dat segel brutsen is, dan is it foute boel. Dan is der yllegaal lost."

Stikstofdiskusje makket it dreech

In útdaging dy't al langer spilet, is de fersmoarging fan sleatten en grûnwetter troch boeregemikaliën.
Van der Galiën: "Wy mjitte al hiel lang yn de provinsje en wy sjogge dat it fosfaat- en stikstofgehalte yn it wetter de ôfrûne jierren nei ûnderen gien is. Dat soe noch wol wat flugger kinne. Dêr wurkje de agrariërs ek bikkelhurd oan mei, dy sjogge dêr it belang ek fan yn."
De boeren wurkje goed mei, mar de stikstofdiskusje makket it dreech, seit Van der Galiën
De boereprotesten en de diskusje oer stikstof makket it net makliker om dat foar inoar te krijen: "Boeren sizze no: 'Wy moatte fan alles, aanst moatte wy slute.' De hiele diskusje helpt net mei om de frijwillichheid te befoarderjen", seit Van der Galiën.
Neffens it Weterskip smyt dat oant no ta gjin opûnthâld op by de plannen: "Wy hâlde ús kontakten sa waarm mooglik. Yn gearwurking mei gemeenten en provinsje besykje wy te sjen wat de bêste oplossing foar in boer yn syn gebiet is. It mjitten giet gewoan troch, de ôfspraken bliuwe wol stean. Mar it is no wol lestiger om der nije boeren by te belûken."