50 jier nei de wynhoas: It Amelân 1972 wie ien fan de slimste yn Nederlânske skiednis

Wynhoas Amelân - 11 augustus 1972 © Jan Andries Blaak
De wynhoas op It Amelân op 11 augustus 1972 is ien fan de swiersten dy't ús lân ea troffen hat. Yn fjouwer ferhalen sjocht Omrop Fryslân dizze wike werom op dat drama. Diel 1: "Een windhoos of een tornado is eigenlijk onaards."
De wynhoas earder dizze wike by Zierikzee, dêr't ien persoan by om it libben kaam, toande noch mar wer ris oan hokker sterke, destruktive krêften op sa'n momint frijkomme. Wat op 11 augustus 1972 op It Amelân barde, stiet noch altyd yn de skiednisboeken as ien fan de grutste natuerrampen dy't ús lân troffen hat.
Mei in krêft fan 200 kilometer yn de oere luts dy dei in wervelwyn yn in lytse minút in spoar fan fernielingen oer it Waadeilân. Fjouwer minsken ferlearen it libben en hûnderten rekken ferwûne.
Saakkundingen KNMI oer de wynhoas
In wynhoas fan dy omfang komt mar selden foar yn Nederlân, sa docht bliken út sifers fan it KNMI. Allinnich Borculo yn 1925, Nede yn 1927 en Chaam en Tricht yn 1967 falle yn deselde kategory.
De wynhoas dy't oer Chaam en Tricht luts, easke sân libbens. "Die mensen hadden echt pech dat een zware windhoos over de bebouwing trok", seit meteorolooch Rob Groenland fan it KNMI.
FryslânDOK: Deadlike Wynhoas, 50 jier nei de ramp op It Amelân
Omrop Fryslân sjocht dizze wike wiidweidich werom op it dramatyske barren op 11 augustus 1972. Sneon 2 en snein 3 july is op Omrop Fryslân en op NPO 2 de FryslânDOK 'Deadlike Wynhoas, 50 jier nei de ramp op It Amelân' te sjen.
Op omropfryslan.nl en op de app is fjouwer dagen op rige - fan woansdei 29 juny oant sneon 2 july - in artikel te finen mei belutsenen dy't weromsjogge op de ramp.
"De kans dat een windhoos jou treft in ons land is wel heel erg klein. Als we naar de afgelopen honderd jaar kijken zijn er dus maar een paar gevallen bekend", seit Groenland.
Namste opmerkliker is it dêrom dat krekt dizze wike, fyftich jier nei de ramp op It Amelân, Nederlân wer troffen waard troch in wynhoas, by Zierikzee dizze kear. Dêr foel ien deade en rekken njoggen persoanen ferwûne.
"Een windhoos of een tornado is eigenlijk onaards", seit Groenland. Om mear te witten te kommen oer it natuerferskynsel hat er ek yn Amearika west: dêr komme tornado's yn de moannen april, maaie en juny geregeld foar.
It gebiet fan mid-Texas oan de noardliker lizzende steaten Nebraska en Iowa ta stiet by waarsaakkundigen bekend as Tornado Alley, de stege fan de tornado's.
"In de jaren '90 ben ik met een groepje meteorologen als stormchaser op tornado's gaan jagen", fertelt Groenland. "Het is boeiend, omdat het er mooi uitziet. De keerzijde van de medaille is, dat het heel veel schade aanricht. Het gaat om hoge windsnelheden, geconcentreerd, in een soort van tunnel van wind."
Wynhoas-saakkundige Rob Groenland oan it wurk by it KNMI © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Meteorolooch Jacob Kuiper hat altyd al in fassinaasje hân foar ekstreem waar en jildt by it KNMI as wynhoas-saakkundige. De wynhoas fan 1972 stiet him noch goed by.
"De nacht voor de windhoos was er een storing over ons land getrokken richting Duitsland. Aan de achterkant van die storing ontstond aan het einde van de nacht een aantal buien. Die konden uitgroeien omdat hoog in de lucht heel veel wind stond."

200 kilometer yn de oere

De omstannichheden wienen geunstich om wynhoazen te produsjearen. "Omdat in de hogere niveaus van de lucht heel veel wind stond, waardoor de buien extra werden versterkt. De windhoos kreeg daardoor snelheden van 200 kilometer per uur", fertelt Kuiper.
Jacob Kuiper by it KNMI © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Tafallich wie Kuiper yn 1992 op Duinoord op It Amelân, doe't de camping opnij rekke waard troch in wynhoas. "Ik was nog maar een uur op de camping. Toen ik naar de lucht keek, dacht ik, hier zou wel eens een windhoos kunnen ontstaan. Er was opnieuw heel veel schade, gewonden en er viel een dodelijk slachtoffer te betreuren."
Yn de útstjoering fan FryslânDOK jout Kuiper antwurd op de fraach oft it tafal is dat de camping opnij troffen waard.